It noarden dé pilotregio foar autonoom ferfier

maart 20, 2018 14:07

Selsridende bus yn Loppersum

Selsridend ferfier is ien fan de mooglikheden om de berikberheid en de leefberheid yn krimpregio’s oerein te hâlden en te ferbetterjen. Grinslân, Fryslân en Drinte ûnderskriuwe dat en wurkje dêrom mei-inoar gear om dé pilotregio foar selsridend ferfier te wurden. Op de nije webside www.autonoomvervoernoord.nl is te lêzen wat de plannen binne en hokker partners dêrby oanhelle binne.  

Op hieltyd mear plakken sil it selsridend ferfier test wurde, net allinne oer de dyk, mar ek oer it spoar, oer it wetter en troch de loft. Op it webstee is te sjen wat de nijste ûntwikkelingen binne en hoe’t bedriuwen en kennisynstellingen dêroan meidwaan kinne.

Wa’t der mear fan witte wol, kin op website terjochte foar ynformaasje.

 

maart 20, 2018 14:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*