Grutsk op ús greidefûgels
Resint ferskynd
It giet net goed mei de greidefûgels. LTO Noord, Kollektiveberied Fryslân, Bond Friese Vogelwachten (BFVW), Cumela, Agrarische Jongeren Fryslân en de provinsje Fryslân slaan dêrom de hannen yninoar om Fryslân ryk oan greidefûgels te hâlden. No’t it briedseizoen úteinset, roppe sy boeren en leanwurkers op om nêsten en pykjes te beskermjen as der op it lân wurke wurdt.
Grutsk op Fryslân. Grutsk op it lânskip. Grutsk op de greidefûgels. Greidefûgels hearre yn it Fryske lânskip. Dat wolle de boeren graach sa hâlde. In soad boeren en leanwurkers wurkje al hurd om greidefûgels te beskermjen. Melkfeehâlder Mulder út Haskerdiken en syn leanwurker Brak út Aldeboarn ek. Sy lieten hjoed oan alle partijen sjen, hoe’t sy rekken hâlde mei de greidefûgels. It lân yn om aaien te sykjen, nêstpannen oanbringe foardat der mei de sleepslang jarre útriden wurdt en fan binnen nei bûten meane.
Nêstpannen foar leanwurkers
Jager fan de fûgelwacht Aldehaske en deputearre Kramer oerlangen de earste twa nêstpannen oan Mulder en Brak. Yn de kommende wiken krije alle Fryske leanwurkers nêstpannen fan de Provinsje. Boeren en neisoargers kinne fia de BFVW nêstpannen oanfreegje. Foar it finen fan nêsten kin mei de pleatslike fûgelwacht of mei de BFVW kontakt opnommen wurde.
Soarchplicht
Fanwegen de wet Natuerbeskerming hawwe boeren in soarchplicht foar greidefûgels. De Provinsje moat dêrop tasjen en hanthavenje. It wurk op it lân kin neidielige gefolgen foar greidefûgels hawwe. Dêrom binne boeren ferplichte om earst maatregels te nimmen, om neidielige gefolgen foar greidefûgels foar te kommen. Net alle boeren en leanwurkers binne fan dy soarchplicht op ’e hichte. Dêrom freegje de partijen it kommende briedseizoen op ûnderskate mominten oandacht foar it beskermjen fan greidefûgels. Sy sette harren ek yn om predaasjebehear mooglik te meitsjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje