Gearkomst EU-netwurk Noard-Nederlân 22 maart 2018 yn Ljouwert

maart 15, 2018 19:32

               

De Europeeske Uny sil de kommende jierren feroarje. Wylst Dútslân en Frankryk nei mear Europa tawurkje wolle mei mear ambysjes en in hegere begrutting, besiket Nederlân om op de rem te traapjen. Mar wêr is de ynbring fan de boarger by de oansteande ferbouwing fan de EU? Hoe kinne boargers direkt ynfloed hâlde op Europa? En hawwe Kulturele Haadstêden dêr ek in taak yn? It EU-netwurk Noard-Nederlân hellet op 22 maart twa sprekkers út ús direkte buorlannen nei Ljouwert ta dy’t har dêroer útsprekke sille.    

Wytze Russchen út Brussel is bekend fan syn boeken ‘Het oliemannetje’ en ‘#Post uit Brussel’. Op it EU-netwurk Noard-Nederlân sil de út Drachten ôfkomstige Russchen neier yngean op Ljouwert-Fryslân 2018. Hoe Europeesk is ús Kulturele Haadstêd? En krije en hâlde wy troch dy status ek ynfloed yn Europa? Wurdt de ôfstân fan de regio nei Brussel dit jier lytser? Hoe kinne Ljouwert en Noard-Nederlân dêrfan profitearje? Wytze Russchen wie jierrenlang lobbyist yn Brussel foar ûnder mear VNO-NCW.

Sarah Brech is sjoernalist by de Dútske krante Die Welt en dêr ferantwurdlik foar de berjochtjouwing oer Nederlân. Yn 2014 wurke Brech tydlik op de redaksje fan NRC Handelsblad mei in beurs fan it Dútsk-Nederlânske Sjoernalistestipendium. Sarah is ek lid fan it Europeeske inisjatyf ‘Wir sind Europa’ dat besiket de kleau tusken de Europeeske polityk en boargers lytser te meitsjen. ‘Wir sind Europa’ sammele yn in tal Dútske stêden ideeën foar de takomst fan Europa en presintearret him no foar ‘t earst yn Nederlân.

Nei de twa ynliedingen is der tiid foar fragen en diskusje ûnder lieding fan sjoernalist Onno Falkena. De gearkomste wurdt lykas wenst ôfsletten mei in sûpke.

It EU-netwurk foar Noard-Nederlân bestiet sûnt oktober 2010. Op 22 maart 2018 is it ta oan de tritichste gearkomste. De agindakommisje bestiet út Koos van Houdt, Henk Jonker, Godelieve van Heteren, Hans van Borselen en Klaas Johan Osinga.

Eardere gearkomsten fan EU-netwurk Noard-Nederlân oer Ljouwert as Europeeske kulturele haadstêd wiene 29 augustus 2013 en 29 oktober 2015.

Op 29 augustus 2013 seach Ljouwert yn spanning út nei de beslissing fan de sjuery. Doe spruts ûnder mear emearitus-heechlearaar Keunst en ekonomy oan de Universiteit Utert, Giep Hagoort. Hy wie op dat stuit dean fan de Amsterdam School of Management. Hy wist alles fan de kriteria, dy’t troch de Europeeske Kommisje brûkt waarden by it beslút, hokker stêd him siere mei mei de titel ‘Europese culturele hoofdstad’. Hy wist ek wêrom’t Utert en De Haach al yn de earste omloop ôffalle wiene. Hy foarsei doe, nei’t letter bliken die korrekt, dat Ljouwert troch de sjuery ferkeazen wurde soe.

Op 29 oktober 2015 spruts út namme fan de organisaasje LF2018 Oeds Westerhof. Hy koe yn dat petear de yn de mienskip groeide frees weinimme dat it neat wurde soe mei de organisaasje. Ut it ferslach fan dy gearkomst:

“Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, dy’t dy middei yn de rol krûpt wie fan skeptikus en ynterviewer, waard geandewei it petear mei Westerhof ek minder kritysk. Syn fragen ferskoden fan ‘wordt het nog wat?’ nei ‘hoe zal het met dit en met dat gaan?’ It waard in farieare presintaasje.

Wichtich foar de kommende gearkomste op 22 maart o.s. oer de saneamde ‘legacy’:

Essinsjeel is de fraach wat wy nei 2018 noch fernimme fan Ljouwert as Europeeske kulturele haadstêd. Binnen de organisaasje ‘KH2018’ is der al stûf oer neitocht.

Westerhof beantwurdet de fragen fan Rimmer Mulder en fan dielnimmers út de seal dêroer yn fiif punten:

  1. Troch in aktiviteit as dizze sil it tal toeristen dat nei Fryslân komt nei alle gedachten tanimme. Op alle mooglike manieren sil besocht wurde dy tanommen belangstelling yn de jierren dêrnei fêst te hâlden.
  2. Folle mear minsken, ek dy’t wenje yn efterbuerten dêr’t Ljouwert der in tal fan hat, komme no yn ’e kunde mei de kultuer. Der is oprjochte oandacht foar dizze ‘empowernment’ fan gewoane minsken yn ‘e stêd. Sa komme der spesifike projekten dy’t yn dizze wiken opset en útfierd wurde.
  3. It programma ken in ekologyske aginda, wêrby’t om tema’s as sirkulêre ekonomy en duorsume enerzjy hinne alderhande kulturele eveneminten organisearre wurde. Dy oandacht foar duorsumens sil nei 2018 ek waar te nimmen bliuwe. Wetter is yn Ljouwert dan in wichtige ynfalshoeke.
  4. Der is omtinken foar nij ûndernimmerskip en foar start-ups yn it programma. De bedoeling is dat startende ûndernimmers de kâns krije netwurken te bouwen mei kollega’s earne yn Europa.
  5. Der sil ek oars oandacht wêze foar it bouwen fan Europeeske netwurken om maatskiplike organisaasjes, oerheden en kulturele aktiviteiten hinne.

De organisaasje KH2018 sil dêrom yn 2019 noch bestean om alles ôf te bouwen en oer te dragen. Dêrnei moatte oaren datsoarte saken oernimme, sei Westerhof. Syn antwurd op de fraach, wannear oft KH2018 echt slagge is: “As we in sichtbere bydrage levere hawwe oan it bestriden fan it spûk fan it nasjonalisme”.

Lokaasje: Grand-Café Wouter, Sophialaan 5, Ljouwert
Tiid: 16.00-18.00 oere

Yn ferbân mei de sealrûmte en ketering graach oanmelde by Klaas Johan Osinga, klaasjohan@yahoo.com of (06) 10 58 60 047.

maart 15, 2018 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.