Fryske ferzje Stimwizer grôtfol flaters

maart 11, 2018 15:20

De Stimwizer fan ProDemos sit grôtfol staverings- en taalflaters. Dat jildt alteast foar de Fryske ferzje. De Nederlânske Stimwizer kin wol besjen lije. De FNP yn Smellingerlân seit dat ProDemos in wanprestaasje levere hat. Wurdfierder Durk Oosterhof seit: “As de bakker bôle leverje soe fan deselde kwaliteit as de stimwizer, dan soene jo dat ek net akseptearje.”

De Stimwizer is in helpmiddel by it finen fan in partij op by de gemeenteriedsferkiezings fan 21 maart op te stimmen. In protte gemeenten krije dan in nije folksfertsjintwurdiging. Yn Fryslân is der allinne foar de gemeenten De Fryske Marren, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Smellingerlân in Stimwizer.

Foarbylden fan siden mei staveringsflaters fan de Stimwizer fan De Fryske Marren.

maart 11, 2018 15:20
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma maart 11, 17:27

    Dat foar sa’n oersetting betelle is.

  2. Abe maart 12, 17:59

    Juster iepening Friesch Dagblad, dat ek de stimwizers fan Achtkarspelen en De Fryske Marren beseach. Oardel kantsje flaters optikt foar de regioredaksje. Hjoed efkes sjoen op Facebooksiden fan FNP Achtkarspelen, FNP Smellingerlàn, FNP De Fryske Marren. Neat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*