Frijwilligers socht foar Lanlike Himmeldei yn Hallum

maart 20, 2018 09:17

Op sneon 24 maart 2018 is de Lanlike Himmeldei. Yn Hallum wurde de hannen ek út de mouwen stutsen om safolle mooglik swalkôffal op te romjen. Om 10.00 oere set de aksje útein, wethâlder Jaap Hijma jout dêrfoar it startsein.

Hallumerhoeke (foto: Wikipedia/EmielH)

Der wurdt dy dei net allinnich yn Hallum swalkôffal opromme, mar it bûtengebiet wurdt ek meinommen: de Doniawei, Hallumerhoeke, Mariëngaarderwei, Noarder- en Sudermieden, de útfalsdiken nei Marrum en Stiens en de Jouwsmabuorren en de Hallumer haven.

Nije ôffalbakken en ‘blikmikkers’
Dy dei wurde in nije searje ôffalbakken en ‘blikmikkers’ oan it doarp skonken. Dêrneist wurdt in sjek oan it bestjoer fan Doarpsbelang oerlange as fergoeding foar it leegjen fan de bakken en blikmikkers.

Frijwilligers socht
Foar de Lanlike Himmeldei yn Hallum wurde noch frijwilligers socht. Dy wurde oproppen om sneon 24 maart om 10.00 oere nei it kantoar fan Makelder Kingma oan de Mounebuorren yn Hallum te kommen. Foar gripers en jiskepûden wurdt soarge. Om 11.30 oere wurdt de dei mienskiplik ôfsletten ûnder it geniet fan in kopke kofje of tee.

Mear ynformaasje
Foar ynformaasje en stipe fan aksjes yn ’e gemeente kin kontakt opnommen wurde mei Henk de Bruyn fan de DDFK-gemeenten, fia h.debruyn@ddfk.nl of telefoannûmer 0519-298888. Foar mear ynformaasje oer de himmeldei yn Hallum, kin dat mei d.vis2@knpplanet.nl of telefoannûmer 0518-431750.

maart 20, 2018 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.