Friezen kom op!

maart 12, 2018 09:21

Kollum fan Aant Mulder

‘Fuort mei bûtenlanners’, dat liet fan Bauke van der Woude en Campbell Forbes waard net daliks troch elkenien goed begrepen. It kaam der lykwols op del dat bûtenlanners in ferriking foarmje foar ús as Friezen mei-inoar, al soe it allinne mar wêze om al dat skoandere iten en drinken dat we oan dy bûtenlanners te tankjen ha. Sa no en dan tink ik wolris, dat we eins net sjonge moatte soene fan ‘Fuort mei bûtenlanners’, mar ‘Fuort mei Friezen’. Fryslân sûnder Friezen, dat soe wat wêze! Dat bringt my de tegeltsjesiswize: ‘De wrâld is goed, mar de minsken koene better’, yn ’t sin. Wat foar de wrâld jildt, jildt neffens my útsoarte ek foar Fryslân. Dus ’Fryslân is goed, mar de Friezen koene better’. Ik tink dan tagelyk oan de eksposysje fan ‘ienkennich lânskip/eenkennig landschap’ yn Galery De Roos van Tudor yn Ljouwert. Dy eksposysje gie om njoggentjin gedichten fan Eppie Dam út Sleat en 41 foto’s fan de fotograaf Gijs Dragt út Swol, dêr’t it Frysktalich lânskip twatalich yn wurd en byld foarm yn krige. It giet my diskear om wat ik lês en sjoch oangeande de romtlike en abstrakte lânskipsfoto’s. De resinsje yn ’e LC hat de kop ‘Friesland zonder Friezen’ meikrige. Ik hie dy tentoanstelling besjen wollen, mar dat is der net fan kommen. En no kin it net mear. Dat ferhaal oer dy tentoanstelling rôp datselde gefoel yn my op: Fryslân is moai, mar de Friezen koene better.

Untwerp fan it Quakeltje, Eksmoarre

It hat der alles fan dat ik it op dit stuit net bot op Friezen stean ha. Dat is sa en dat jildt net iens allinne foar my. Tink mar oan Ljouwert-Fryslân 2018. It moast in feest wurde mei benammen ynbring fan keunstners en publyk fan om utens. It moast perfoarst gjin ‘Simmer 2000’ wurde. Wy sjogge lykwols wol dat it in hieltyd Frysker feest wurdt. Ik hoech allinne mar te tinken oan de grutte belangstelling foar bygelyks it teaterspektakel ‘De Stormruiter’ basearre op de 19de iuwske novelle ‘Der Schimmelreiter’ fan Theodor Storm dat yn septimber en oktober yn it WTC yn Ljouwert opfierd wurdt, in foarstelling mei sa’n hûndert Fryske hynders yn de haadrol! By it begjin fan LF2018 kaam it ferkeapjen fan kaarten foar dizze en oare foarstellingen yn in streamfersnelling terjochte. Ekstra foarstellingen wiene it resultaat. De organisaasje wie suver út ’e skroeven. Mar wat lês ik yn dy dagen fierder yn de kranten? It is moai dat foarstellingen útferkocht reitsje, mar it falt al op dat der wol ryklik kaartsjes troch de Friezen sels kocht wurde. It sil him wol oan my lizze, mar ik fyn sokke opmerkingen, mei wat ik fierder wit, net posityf. Ik sil ek wol ferkearde konklúzjes lûke, mar LF2018 liket sa yn it foarste plak noch hieltyd foar fan om utens kommende festivalbesikers ornearre te wêzen. Wy as Friezen meie stuollen besette om de organisaasje út de reade sifers te hâlden. It docht allegearre lykwols net botte aardich oan. It is net oars.

No moat ik sizze dat wy as Friezen it der ek wol wat nei meitsje. Fan en ta ha jo se der leaver net by as al. En dan bedoel ik benammen de Friezen mei in miening oer it Frysk en oer Fryslân. Ik wit it, ik moat foarsichtich wurde, want ik hear der sels by. Wy betinke mei-inoar de moaiste doelen foar it Frysk en foar Fryslan. Dat liket earst allegearre hiel aardich, mar it duorret ornaris gjin skoften foar’t ferskillende Friezen der ferskillend oer tinke. Dat is gauris tagelyk it begjin fan in protte trelit. Dat betsjut eins altyd dat fan de moai betochte doelen net folle op ’e hispel komt. Dat trelit is faak it begjin fan ferdieldens, nije en wer lytsere aksjegroepen, kommisjes of stichtingen, dêr’t we sa stadichoan net te min fan ha. Foar wa’t no tinkt, dat ik net mear wit wêr’t ik it oer ha, wol ik wol mei in pear foarbylden komme. As ik weromsjoch, binne wat dat oanbelanget de staveringsferoaringen hieltyd weroan prachtige foarbylden fan datsoarte fan trelitten. Der binne sels Friezen dy’t allinne mar de eigen oanrette stavering goedfine en dy allinne mar brûke wolle. Fryske tydskriften en Frysk yn it ûnderwiis binne oare foarbylden. Dêr wurdt ek aardich ûngelikens oer tocht! Sis Tsiis makket dat wat it ûnderwiis oanbelanget wol dúdlik. De bedoeling fan dy groep is om omtinken te freegjen foar Frysk op skoalle en dat soe dan moatte om’t Frysk in bernerjocht wêze soe. It begûn allegearre mei in prachtige demonstraasje op it Saailân. No binne we hast safier dat dy demonstranten fan doe fersille rekke binne oer in grut ferskaat oan groepkes en dat it op guon mominten sels noch mar giet om ien of twa demonstranten. No ja, it sille der in pear mear wêze, mar de saak foarúthelpe dogge se net, dêr leau ik neat fan!

Guon binne fan betinken dat demonstraasjes as dy op it Saailân faker holden wurde moatte. Dêr wurdt ek wol oer praat. Oaren wolle sa faak mooglik en dan mar mei minder minsken de dyk op. Dat dogge se. Wer oaren wolle prate mei de deputearre. Sokke petearen binne der no ek, mar wat it opsmyt, ik soe ’t net witte. Underwilens wurde skelen hieltyd dúdliker. Ik wol oer al dat gedoch oer demonstraasje en petearen eins mar net in miening ha, want dan krij ik, krekt as guon oaren, grif ek út de iene of oare ûnferwachte hoeke de wyn fan foaren. Spitich is it wol. Hawar op It Nijs kinne we it allegearre aardich folgje. Dat digitale deiblêd jout in protte omtinken oan dy strideraasjes. Net dwaan soe ’k sizze. De koal is it fet net wurdich! It wurdt tiid dat we mei-inoar wat faker itselde wolle. Oars sjonge we aanst krekt as Bauke van der Woude en Campbell Forbes hast oan de ein fan har liet oer bûtenlanners sjonge: ‘Dom, dom, dom’

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 12, 2018 09:21
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. jangerben maart 12, 20:43

    Jo kinne it omraak oplêze Aant.

  2. S. Hoekstra-Balsma maart 22, 12:19

    Agoeie,

    Minority safe pack!

    No wol ik bêst meidwaan en ûndertekenje, mar it wurdt je wol moeilik makke!
    >wat wurdt der sein??? / healwei de tekst
    >privacy rigels ûnderskriuwe: wêr kin ik dy lêze?
    > alles sil wol meinaam wurde moatte…

    miskien in hânlieding derby?

  3. Frank de Boer maart 23, 09:13

    Oan Frou Hoekstra-Balsma: dy privacy-regels gean deroer dat jo ynstimme mei de ferwurking fan jo gegevens foar it inisjatyf en beskriuwe wat dermei dien wurdt. Dat moat frege wurde fanwege de Europeeske wetjouwing op dit mêd. De tekst kin lêzen wurde op https://ec.europa.eu/citizens-initiative/32/public/#/privacy?lang=nl

    Tankewol foar jo stipe!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*