Fragen oan B&W Ljouwert

maart 12, 2018 07:57

Ut namme fan de FNP-riedsfraksje gemeente Ljouwert hawwe Lyda Veldstra-Lantinga en Jan-Willem Tuininga fragen oer it werom pleatsen fan in stien mei opskrift op de Jirnsumersyl.

De Jirnsumersyl wie fanâlds in bouwurk yn de Leppedyk. Tusken 1450 en 1500 is de syl yn besit kommen fan de stêd Ljouwert. De Syl wie fanwegen de skipfeart nei de stêd ta tige wichtich foar Ljouwert, want wa’t de syl behearske, behearske de skipfeart.

Yn 1740 is de âlde syl (nei alle gedachten noch fan hout) ferfongen troch in nije stiennen syl. Wer letter is der in draaibrêge by oanlein foar de ferbining mei Grou. Dy is yn it begjin fan de fyftiger jierrren fan de foarige iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in fêste brêge. By de ôfbraak fan de draaibrêge kaan in stien foar it ljocht mei in opskrift dat slacht op de ferfanging yn 1740 fan de draaibrêge troch de stiennen syl. Dy stien krige doe in plak yn de nije fêste brêge.

By de oanlis yn 2016 fan in guttere Sylsterbrêge (sjoch hjir) wie it doel om dy stien út 1740 wer opnij yn te mitseljen, mar dêr noch gjin útfiering oan jûn. Neffens de FNP-fraksje soe it skande wêze as sa’n wichtich histoarysk monumint net wer in plakje krige.

Yn juny 2018 is der yn it ramt fan LF2018 en 100 jier Pleatslik Belang Jirnsum it Jirnsumersylkonsert op de Boarn. It soe moai wêze as de brêge dy dei offisjeel iepene waard mei bygelyks it ûntbleatsjen fan de stien. Dêrom stelt de FNP-fraksje oan it kolleezje fan B&W de folgjende fragen:

  1. Is it kolleezje ek fan de doel om de stien werom te pleatsen op de Jirnsumersyl?
  2. De stien mei it opskrift: DE HEEREN Gecomiteerd Uit de Vroedschap der stadt Leeuwarden tot Leggen Van dese Zijl 1740, hat in hystoaryske wearde. Dielt it kolleezje dat mei de FNP-fraksje?
  3. Is it kolleezje ree om de stien tagelyk mei de iepening fan de Jirnsumersylbrêge juny 2018 te ûntbleatsjen?

Ljouwert

maart 12, 2018 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.