Flower Power Merk

maart 10, 2018 08:26

Op 18 maart wurdt yn Neushoorn yn Ljouwert de Flower Power Merk organisearre. Dat is in merk mei lêzingen en workshops oer (h)earlik (lokaal) iten, ruiljen, dielen & meitsjen, natuerlike sûnens, grien & sels(rêdend) oan ’e slach en kreative en kleurrike libbensstyl. Der binne mear as fyftich diskes mei bygelyks opfallende mei de hân makke produkten dy’t yn ’e moade binne, kleurrike ûntwerpen en alternative klean, eigensinnige sieraden, berneklean mei tabehearren, natuerlike fersoargingsprodukten, (twaddehâns) húsried en wat dêr mar by heart, en oar nijmoadrig duorsum guod.

De besikers kinne op de merk glêskralen knoopje mei West-Afrikaanske techniken, in shiatzumassaazje nimme, piramide-enerzjy ûndergean, sied liene by de Siedbiblioteek, sneupe tusken twaddehâns boeken, leare hoe’t  de kleurrike Surinaamske holledoeken op ferskillende wizen om ’e holle bûn wurde kinne, in ytbere tún winne, kerfir priuwe, in demonstraasje kaartweven besjen, neilen lakke litte, én fansels genietsje fan de gesellige sfear!

Der merk is iepen fan alven oant fiven. Klik hjir foar mear ynformaasje. Dêr is ek in koartingsbon by.

maart 10, 2018 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.