Fleantúch delstoart op lofthaven Kathmandu

maart 12, 2018 11:33

Foto: pixabay.com

Op de ynternasjonale lofthaven fan Kathmandu yn Nepal is in passazjiersfleantúch by it delkommen fan de baan skood en yn ’e brân flein. Hoefolle minsken oft oan board binne, is net bekend, mar it tastel út Bangladesh kin 78 passazjiers ferfiere. Neffens de earste berjochten is in tal ferwûne minsken al út it tastel helle.

Guon boarnen sizze dat der 67 minsken oan board binne, fan wa’t der santjin rêden binne. De brânwacht op de lofthaven hie it fjoer al gau útmakke. It giet om in fleantúch fan de maatskippij US-Bangla en it soe fuortgien wêze út Dhaka. Neffens guon boarnen fette it tastel al foar de lâning flam en skeat it doe fan de baan ôf.

maart 12, 2018 11:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.