Flaamsk of sosjalistysk, dat is de kwestje

maart 2, 2018 17:16

Bart de Wever

Dat de universiteit fan Leuven yn 1970 Nederlânsktalich wurden is, is dat in oerwinning fan de Flaamske beweging of is it part fan de loftse studinte-opstannen fan ein jierren sechtich? De Flamingen witte it net, mar se tsiere der wol oer.

It begûn allegear yn 1962. Doe waard België opsplist yn in offisjeel Nederlânstalich noarden, in offisjeel Frânsktalich suden en in offisjeel twatalich Brussel. Yn it easten ûntstie boppedat in hoekje mei it Dútsk as offisjele taal. De basis wie in taaltelling: de taal fan ’e mearderheid fan ’e befolking waard de iennichste offisjele taal.

Dat betsjutte dat der wat skood wurde moast mei gemeentegrinzen. Sa gie de yn haadsaak Nederlânsktalige Voerstreek fan de Frânsktalige provinsje Luik nei de Nederlânsktalige provinsje Limburch ta, ta argewaasje fan ’e grutte Frânsktalige minderheid dêr. Ynstituten moasten harren tenei rjochtsje nei de taal fan de gemeente dêr’t se yn sieten. Dat gou ek foar de katolike universiteit fan Leuven.

Studinte-opstannen fan 1968

Dy wie begûn as Frânsktalige universiteit, mar stadichoan wied er útgroeid ta in twatalige ynstelling. Doel wie dat er nei 1962 fernederlânskje soe, mar dat barde net. In protte dosinten giene troch mei kolleezjejaan yn it Frânsk.

Doe brieken yn 1968 yn Frankryk studinte-opstannen út. Dy krigen al fluch neifolging yn de rest fan Europa. Studinten easken mear ynspraak en in oare organisaasje. Yn Leuven spile mei dat studinten easken dat de universiteit tenei Nederlânsktalich wêze soe. De gjalpen ‘Leuven Vlaams!’ en it wat ûnfreonliker ‘Walen buiten!’ binne sûnt dy tiid in begryp.

In nije stêd yn ’e greiden

De opdieling krige syn beslach yn 1970. Doe waard de universiteit opsplist. De âlde universiteit waard Nederlânsktalich en in pear kilometer fierderop, krekt oer de taalgrins, waard in Frânsktalige universiteit opset. Dy kaam yn ’e greiden te stean en sûnt dy tiid is der in stedsje fan sa’n tritichtûzen ynwenners omhinne woeksen: Louvain-la-Neuve (“Nij Leuven”).

Is de ientaligens fan de Leuvenske universiteit no in stik fan ’e Flaamske emansipaasje, sa’t de partij N-VA hawwe wol? Dy fiert it fyftichjierrich bestean fan de Nederlânsktalige universiteit dit jier op grutte skaal. Foaroanman Bart de Wever seit dat it sukses fan syn partij begûn is mei de striid fan Flaamske studinten yn Leuven.

Of wie de taalkwestje bysaak en draaide it lykas yn oare Europeeske universiteitsstêden om sosjale feroarings? Dat sizze de loftse partijen. Hja binne der net wiis mei dat de Flaamsk-nasjonalistyske N-VA de Leuvenske kwestje yn it ramt fan ’e taalstriid set.

maart 2, 2018 17:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.