Ferkearde sokken

maart 10, 2018 07:00

Koart ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

As myn frou en ik earne hinne moatte, dan is it meastal in hiel ritueel by de wasktafel, want men moat wol netsjes ta de doar út, no? Lêsten moasten wy ek fuort. It giet der by ús allegearre noch in bytsje âlderwetsk om en ta: frou/man, man/frou. Wy ha elts sa ús eigen taken yn en om it hûs, dat sadwaande.

As ik freegje om in pear skjinne sokken, dan pakt myn frou dy foar my. No hie se by fersin twa ferskillende sokken byinoar dien en ik sjoch meastal de aardichheid der wol fan yn en ha se gewoan oanlutsen. Dêr ha ik de skuon by útsocht dy’t by de sokken passe en lei se op ’e kachel, want dan kinne se in bytsje opwaarmje foardat ik se oan ’e fuotten doch. Twa ferskillende skuon leine dus op ’e kachel, ek om myn frou in bytsje út te daagjen fansels, yn ’e hoop dat se der wat fan sizze soe. En ja hear, se sei:

“Silst do dêrop fuort jonge, sjochst wol dat dat ferskillende skuon binne?”

“Eh, ja, dat wit ik, mar dat sil wol moatte”, sei ik, “want ik ha fan dy ek twa ferskillende sokken krige en by de iene kleur ha ik meastal dy ljochtbrune skuon oan en by de oare de swarte.”

“Ik wit sa stadichoan wol datst net doochst, mar om dat oan eltsenien sjen te litten, giet wol wat fier, fynst sels ek net? Mar do moatst it sels mar witte”, sei se. Ja, dat antwurd kaam net oerien mei myn ferwachting en wat moast ik dêrop sizze. Ik hie tocht, in bytsje foldwaning te krijen fan dat grapke, mar dat slagge net, en no lei de bal wer by my.

Ik mei myn frou ek net sa pleagje, dat wit ik wol, mar it libben is oars ek sa ientoanich. Mar dit foel net hielendal goed, en ik ha mar belies jûn en myn frou mar frege om de goeie sokken. Want ik gean fansels net op twa ûngelikense sokken en skuon fuort, ik bin net alhielendal gek.

maart 10, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben maart 10, 16:58

    Noch efkes oer dy sokken.Doe’e ús Hylco nei de HAVO gie, hie der op in moarn mei syn sliepperige holle twa ferskillende sokken oan .Doe’t op skoalle in famke him dêr op attint makke, sei der snedich “Kloppet, ik ha thús noch san pear.’

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.