Fergees: groep 8-musical foar Fryske basisskoallen

maart 7, 2018 15:12

Kampanjebyld musical – foto: Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema

Ljouwert, 6 maart 2018 – Yn opdracht fan Lân fan taal hat komponist/muzikant Peter Sijbenga in komyske musical skreaun foar groep 8. It skript en de muzykbestannen fan ‘Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam’ binne fergees fan lanfantaal.frl/musical te heljen.

Yn de musical, dêr’t sawol in Frysktalich as Nederlânsktalich skript fan beskikber is, wurde Meertaliërs konfrontearre mei Bretaal. Dit personaazje (of binne it der mear?) doar fragen te stellen dêr’t de antwurden net op foarhân fan bekend binne. De klassen dy’t mei de musical oan ’e slach geane, wurde noch fierder útdage: yn de musical sit in soad romte foar eigen ynbring. Op it gebiet fan rollen en dekôr kinne skoallen harren kreativiteit ek kwyt. By de musical sit in hantlieding/lesbrief mei in soad tips, en skoallen kinne op oanfraach mear advys en help krije. De musical is ek geskikt foar ûnderbou fuortset ûnderwiis en jeugdteäterskoallen/selskippen.

Peter Sijbenga – foto: Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema

De musical is skreaun en komponearre troch multy-ynstrumintalist Peter Sijbenga (Ljouwert, 1964). Nei in lanlike karriêre as sjonger/bassist fan punkband It Dockumer Lokaeltsje is Peter stadichoan útgroeid ta in faak frege komponist foar teäterproduksjes. Hy skreau ûnder mear de muzyk foar Tryater-produksjes ‘Ronja de roversdochter’, ’11stêdetocht’ en strjitte-opera ‘De IIsfoarstin’. Foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd skreau er mei oan de muzyk fan de offisjele iepening en sette er foar it Noord Nederlands Orkest de Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach nei it Frysk oer.

maart 7, 2018 15:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.