Fereaske tal hantekeningen foar Minority SafePack helle

maart 30, 2018 22:09

Hongaarske minderheden. Boarne: Wikipedia

Op haren en snaren om’t ôf hat de grutte petysje foar de rjochten fan minderheden yn Europa, it Minority SafePack Initiative, it fereaske tal fan 1 miljoen hantekeningen helle: minder as in wike foar de tiidslimyt. It súkses fan de aksje is yn haadsaak te tankjen oan mar twa lannen: Hongarije mei goed 450.000 en Roemenië mei omtrint 300.000 ûnderskriuwingen. Lytse lannen as Bulgarije, Denemarken, Kroatië, Litouwen, Letlân, Slovenië en benammen Slowakije, mei hast 60.000 ûndertekeningen oant no ta op it tredde plak, spilen ek net swak by. Fan de grutte lannen hellet allinnich Spanje mear as syn evenredich part; dat sil te krijen ha mei selsbewuste minderheden lykas de Basken en de Katalanen. Nederlân sit, mei net folle mear as 3.000 hantekeningen, fiif dagen foar de deadline noch fier ôf fan syn kwotum fan 19.000. De minilantsjes Cyprus, Malta en Lúksemburch ha minder as 100 ûndertekeningen garre mar it folle gruttere Portugal hat der op it stuit sels noch mar 101.

Meidat yn Roemenië en Slowakije grutte Hongaarske minderheden wenje en Hongarije etnysk frijwat homogeen is mar it lân him wol o sa bekroadet om de Hongaren dy’t bûten de lânsgrinzen bedarre binne, liket de petysje benammen in Hongaarsk feestje wurden te wêzen. En dat sil ûnderstek dwaan oan it effekt fan dit pan-Europeesk bedoelde inisjatyf.

maart 30, 2018 22:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eeltsje maart 31, 00:09

    Trije tûzen stimmen….. Dat moat dochs better kinne, Friezen! Jimme hawwe noch fiif dagen oan tiid.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.