Feie Fonyk: Tantra

maart 15, 2018 14:00

“It giet net om seks”, sei de 53-jierrige tantramasseur tsjin my, mar wy moasten wol de klean út dwaan, allebeide. Mei ferbjustering lies ik it ferslach fan in 54-jierrige frou ôfrûne wike oer har ûnderfiningen mei tantra yn ien fan ús lânlike deiblêden. Ik haw my oant no ta nea ferdjippe yn tantra. Sjoch, eltsenien hat wolris it gefoel dat it tsjinwaret yn it libben. Dan kinne jo in kear flokke, rûzje meitsje, man, frou of freon om ried freegje, der de hiele dei oer eamelje, der net mear oan tinke, nei dokter, psycholooch, terapeut of psychiater rinne, mar it lêste wat ik dwaan soe, is my yn it tsjustere alternative sirkwy stoarte. Der komt noch by dat jo soks sels betelje moatte. Ien fan de terapyen is tantra.

Tantra, lês ik op Wikipedia, giet om geastlike ferromming en befrijing, om it oerwinnen fan eangst en swakte, men kriget massaazjes op de rêch en búk, men moat fertroud wêze mei bleat, mar it sil allegearre helpe om blokkaden te oerwinnen.

Ien fan de tantrafoarmen is tantra yoni.

Undertusken is der in meldpunt mantramisbruik MTM. Dêr binne no hast hûndert meldingen ynkommen. Dêr sil grif dy fan de frou by wêze dêr’t myn kollum mei begûn. De twadde kear dat se by dy geile keardel kaam, woe er har massearje yn it tsjuster, wylst er de earste kear al net fan har ôfbliuwe koe, as jo begripe wat ik bedoel. Ien fan de tantrafoarmen is tantra yoni. Yoni is it Sanskryt foar vagina. No dan witte jo wol hoe let oft it is.

Ik haw oant no gelokkich gjin lêst fan blokkaden. It sit my dizze wike wol tsjin, want ik haw myn laptop falle litten. Dy is net reparabel. Ik waard niis krekt belle troch myn kompjûterbedriuw yn Burgum dat myn nije laptop klearleit en ik haw him fan ’e middei nedich. Sadwaande breidzje ik in ein oan dizze kollum. Pas op mei Tantra!

 

 

 

 

maart 15, 2018 14:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben maart 15, 18:45

    No Feie Fonyk, dit is wol hiel koart troch de bocht mei jo ferhaal oer Tantra.De suvere tantra giet net om sex en hoege ek de klean net út. Sjoch der rinne yn it medyske sirkwy ek genôch minsken om dy’t misbrûk meitsje fan de situaasje.Sjoch de kranten er mar op nei. En wat it altenative sirkwy oanbelanget, is faak minder tsjuster sa as jo skriuwe .En dan Sanskriet,ha jo opsocht wat dat is ? Nee fansels, Sanskriet is de heilige taal fan de Indiërs. En wat er dan mis is mei Yoni…! Fagina hat yn eltse taal wol in oare beneaming ( ik kaam yn it Grunninger woordebouk in leuke tsjin ‘ Un troanend peerdeoge”) Ik bedoel dit der mei te sizzen dat je samar net in wurd yn it gore sette kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*