Feie Fonyk: fiskman

maart 8, 2018 13:43

No saterdei, 10 maart, begjint de jierlikse Boekewike. It boekewikegeskink skreaun troch Griet op de Beeck is ek yn it Frysk te krijen, mar der wol ik it net oer hawwe. Eltse kear is der in tema en dat is dit jier Natuer. De minsklike ferhâlding ta de natuer is troch de jierren hinne gâns feroare. Hie men yn it ferline ûntsach foar de natuer, it liket wol oft de moderne 21e iuwer, dy’t foar fierwei it grutste part yn stêden tahâldt, de natuer heechút beskôget as om je te fermeitsjen en der nei te sjen, mar net as gefaarlik. Der binne in soad minsken dy’t fan betinken binne dat se in spesjaal plak yn de natuer ynnimme. It idee dat sy de heechste libbensfoarm fertsjintwurdigje. Dat liket my in misferstân. Wy binne dieren lykas alle oare dieren en wy moatte ús as kwetsber sûchdier neat yn ’e holle helje. Troch ús taal, technyk en ferstân hawwe wy mear mooglikheden. Fan de oare kant binne der genôch foarbylden te jaan fan dieren dy’t it op beskaat mêd aardich better dogge as wy. Mar wy kinne in soad en dat leit tagelyk in grutte ferantwurdlikheid op ús. Wy kinne en meie mei oare libbensfoarmen net dwaan wat wy mar wolle

By de Oscar útrikking fan 4 maart krige The Shape of water neist trije oare prizen ek de Oscar foar de bêste film. It is in film dy’t goed past in dizze tiid, in aktueel ferhaal oer it omgean mei de natuer en oer de krêft fan froulju. It ferhaal is gau ferteld. Wy binne yn 1962 yn in laboratoarium yn Baltimore. Der hawwe se in monster út in Amazongebied opsletten yn it grut akwarium. Se binne fan doel om op dy fiskman fiviseksje te dwaan. Hy wurdt mishannele. Op in dei moatte twa froulju fan de skjinmakkerij bloed fan de flier feie. Se fine ek twa fingers dy’t it monster ôfbiten hat fan ien fan de bazen.

Krêftige froulju dy’t har ferantwurdlikheid nimme.

Ien fan de beide skjinmaksters kin net prate, de oare is swart. De stomme Eliza (Sally Hawkins) wurdt fereale op de fiskman en yn it geheim nimt se seane aaien foar him mei. It binne just dizze beide froulju dy’t helpe om it meunster ûntsnappe te litten út de hel fan it laboratoarium. It is in mearke-eftich ferhaal. Dat koene wy ferwachtsje fan de Meksikaanske regisseur Guillermo del Toro. Hy hie al yn syn El labirinto del fauna út 2006 sjen litten hokker fantasyrike films oft er meitsje kin.

Dat it net in gewoan mearke wurdt, blykt al yn ien fan de earste sênes. Eliza leit harsels te fingerjen yn de baaikup. Dan witte jo dat it letter by de freonskip tusken Eliza en it meunster om mear gean sil as freonskip allinne. De kritiken op de film binne sûnder útsûndering loovjend. De film krige ek de Golden Globe foar bêste film. Hy sil mei dizze Oscar grif de kommende wiken noch yn Ljouwert en Grins draaie. Ik fûn it in prachtige film, wier in oanrieder en om nei te tinken oer ús ferhâlding ta de natuer en it is yn de hjoeddeiske #MeToodikusje in orizjinele bydrage. Sa kin it gean yn leafde. Eins soe ik net fertelle moatte hoe’t it ôfrint, mar ek dat koe my oertsjûgje.

maart 8, 2018 13:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*