Fakatueres yn ’e soarch nimme ta

maart 12, 2018 11:22

Foto: pixabay.com

It tal banen yn ’e soarch groeit. Dit jier binne der sa’n 130.000 fakatueres, docht bliken út nije sifers fan it UWV. Mar foar in protte funksjes is hast net ien te finen. En dat hat gefolgen foar elkenien, seit de Feriening foar Sikehuzen. No al wurkje in goed miljoen minsken yn ’e soarch. Dat der hieltyd mear minsken nedich binne, komt troch strangere kwaliteitseasken (mear hannen oan it bêd) en de fergrizing: hast in fearn fan de wurknimmers yn ’e soarch is 55 jier of âlder en streamt de kommende jierren út.

Wurkjouwers yn ’e soarch sizze dat se grutte muoite hawwe om personiel te finen. De grutste problemen binne der yn sikehuzen, de thússoarch en de geastlike sûnenssoarch: dêr siket tachtich persint fan de ynstellings om ’e nocht nei personiel. Yn oare soarchsektoaren hat de helte dat probleem. De oprinnende personielstekoarten yn ’e soarch foarmje ek in útdaging foar it kabinet. Woansdei makket it kabinet bekend hoe’t dat it personielsprobleem oanpakke wol.

maart 12, 2018 11:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.