Ekstra jild foar lytse skoallen

maart 13, 2018 08:41

Foto: pixabay.com

Lytse skoallen yn doarpen en stêden krije op ’e nij ekstra stipe om sluting foar te kommen. It kabinet jout no 120 miljoen euro út oan sa’n 2000 skoallen mei minder as 145 learlingen en dêr komt nei dit jier tweintich miljoen euro by. “Elts bern hat rjocht op goed ûnderwiis, oft it no op in lytse of grutte skoalle sit”, seit minister Slob fan Underwiis, dy’t fynt dat bern tichtby hûs nei skoalle kinne moatte.

Lytse skoallen hawwe it dreech, om’t der minder personiel en jild is om itselde wurk te dwaan as op in gruttere skoalle. Om lytse skoallen te helpen is de lytseskoalletaslach yn it libbren roppen, mar it foarige kabinet woe dêr yn 2014 eins ôf. Nei fûl ferset fan de skoallen en fan in tal politike partijen bleau de taslach dochs bestean. Minister Slob beklammet it belang fan de skoaltsjes foar de leefberens yn in doarp of stêd. “As de skoalle der net mear is, gean jonge húshâldens faak ek fuort.”

maart 13, 2018 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*