Earste stimmen útbrocht by nachtlike stimburo’s

maart 21, 2018 07:34

Op ferskate plakken yn Nederlân hawwe minsken al harren stim útbrocht foar de gemeenteriedsferkiezings. Yn Swol bygelyks joech boargemaster Meijer syn stedsgenoaten it goede foarbyld troch yn in mobyl stimburo yn in studintekroech syn boargerrjocht jilde te litten. Foar’t er syn stim útbrocht, wie er yn petear gien mei besikers fan it kafee, dy’t de aksje fan de boargemaster wol wurdearje koene.

De bedoeling fan Meijer en de gemeente Swol wie om mear jongelju nei de stimbus te krijen. Yn ’e rin fan ’e nacht gie it stimburo ticht. Yn De Haach en Kastrikum koe ek al fan midsnacht ôf stimd wurde. Yn Kastrikum wie dat op it stasjon, dat foar de gelegenheid de hiele nacht iepenbleau. Yn De Haach wie al in stimburo iepen op de Grutte Merk. De measte stimburo’s yn Nederlân binne om 07.30 oere iepengien en slute om 21.00 oere.

maart 21, 2018 07:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*