Drinte kriget earste offisjele twatalige boerd

maart 16, 2018 14:33

Nij twatalich boerd by de yngong fan ‘e beboude kom fan Nieuw-Roden/Nei-Roon

Fryslân en Limburch wiene oant no ta de iennichste twa provinsjes dy’t nêst it Nederlânsk ek de eigen taal op ‘e plaknammebuorden brûkten. Dêr is Drinte freed by kommen. It doarp Nieuw-Roden/Nei-Roon yn ‘e gemeente Noordenveld krige as earste twatalige buorden by de yngong fan ‘e beboude kom. Yn bywêzen fan bewenners en taalbewegers ûntbleate wethâlder Alex Wekema it earste boerd.

De buorden binne der kommen op oanstean fan de PvdA yn ‘e gemeenterie. Gemeenteriedslid Anne Doornbos is in entûsjast iverder foar de Nedersaksyske streektaal.

In mysterieuze aksjegroep, Drents op stee, hat de ôfrûne jierren ferskate kearen nachts ientalich Nederlânske buorden oerplakt mei Drintske nammen. Dat barde in pear dagen lyn noch. It Nijs berjochte dêr doe oer: link.

maart 16, 2018 14:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.