Dokusearje ‘Typisch’ ferslacht ferkiezings yn Wielepôle en Tuinzigt

maart 3, 2018 09:11

Fan moandei 5 maart ôf fan moandei o/m tongersdei te sjen om 19.20 oere op NPO 2.

Fan 5 maart ôf giet de dokusearje Typisch werom nei de wiken Wielepôle yn Ljouwert en Tuinzigt yn de tiid fan de gemeenteriedsferkiezings. Hoe giet it mei de fertroude gesichten út de twa wiken? En hoe libje de gemeenteriedsferkiezings ûnder de bewenners? Typisch Wielenpôlle Verkiezingen is fan 5 o/13 maart by BNNVARA en Typisch Tuinzigt Verkiezingen fan 14 o/m 22 maart by de EO om 19.20 oere op NPO 2.

Ofbylding: BNNVARA

Typisch Wielepôle ferkiezings
Yn Nederlân wurdt der op 21 maart stimd foar de gemeenterie, mar yn Ljouwert gongen de bewenners yn novimber al nei de stimbus. Yn de Wielepôle binne se al lang teloarsteld yn ‘de polityk’, mar de pleatslike partijen wisten de wyk dochs te finen. De útslach fan de ferkiezings is bepalend foar de subsydzje fan 50.000 euro dy’t de wyk krige en troch de foarige wethâlder ôfskaft is. Hokker effekt hat de nije politike werklikheid op de wyk?

En hoet giet it mei de Wielepôlers, sûnt se op telefyzje wiene yn jannewaris? Angela woe graach wer nei skoalle, mar krige gjin stúdzjefinansiering mear. Dat fûnen in protte sjoggers ûnterjochte. Hoe is dat ôfrûn? De hear en frou Van den Bos wûnen har op oer it teloargean fan it sosjalisme en Emiel de Hûnekop gie nei Australië om wrâldferneamd te wurden. Is dat slagge? Fierder nimt Piet nei 55 jier ôfskie as offisjeuze boargemaster fan de Wielepôle. Dat wurdt in grut feest yn buerthûs Kobbekooi. Mar wa sil him opfolgje?

Typisch Tuinzigt ferkiezings
Foar de Tuinzigters is it op 21 maart gewoan ferkiezingsdei, krekt as yn it meastepart fan Nederlân. Mar fan ferkiezingskoarts is ûnder de Tuinzigters net echt sprake. DJ Janoesj hat besletten de opkomst yn ’e wyk wat op te krikjen. Syn Hollânske-hits-radiostasjon hat er tydlik omdoopt ta ferkiezingsstasjon. Mar wit de lokale polityk de wei nei it studioke yn Janoesj’ eigen húskeamer wol te finen? En hoe giet it mei beppe Nel? Dat koe der noch krekt by, hja komt derefter dat ‘har’ partij net oan de ferkiezings meidocht. Wat no? Slagget it beppe Nel dochs noch om in kar te meitsjen yn it stimhokje?

maart 3, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.