Demonstraasje foar ‘krepearjende’ bisten Oostvaardersplassen

maart 5, 2018 10:30

Hûnderten minsken hawwe ôfrûne wike en wykein demonstrearre by de ôffredingenfan de Oostvaardersplassen. De aksjefierders binne lilk om’t de bisten yn de Oostvaardersplassen opsletten sitte en oan harren lot oerlitten wurde. Troch de kjeld is der in tekoart oan fretten. Steatsboskbehear en oare saakkundigen advisearje om dat sa te litten, om’t sa foaral de sterke bisten oerlibje. Mar fanwegen de “maatskiplike ûnrêst” besleat de provinsje Flevolân freed om dochs by te fuorjen. Boskwachters waarden sels mei de dea bedrige.

Dat jaan fan ekstra fretten begûn freed en sil de hiele moanne maart trochduorje. Mar de aksjefierders fine dat net genôch om “it lijen fan de heckbuffels, konikhynders en reaharten” tsjin te gean. Guon demonstranten fuorren de bisten fan ’t wykein by; pakken hea waarden fan in karre efter in trekker ôf oer it stek smiten. In protte fan de aksjefierders wiene minsken mei bern. Sneintemiddei binne ek hûnderten pakken hea troch boeren ôfjûn by in brânwachtkazerne yn Lelystêd. Earst woene se dat by it provinsjehûs dwaan, mar nei in petear mei provinsjebestjoerders seagen se dêrfan ôf.

Der wiene ek taspraken. Fierder wiene der spandoeken dêr’t op stie: ‘Voorkom dierenleed’, en ‘Stop het kreperen, start het beheren’. Fan fier en hein kamen minsken oanriden mei foer, skriuwt Omrop Flevolân. Nei ôfrin fan de aksje teagen de aksjefierders nei it provinsjehûs yn Lelystêd.

maart 5, 2018 10:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Swalker maart 5, 22:46

    En dan wurde straks de bisten hokker te folle binne, dea sketten,( tink oan de herten in ut duungebied by noard Hollân) wat is it ferskil, It enige wat ik betinke kin is de stjèrtiid. Dan is it ek noch ris sa dat elk dea organisme wer oar nij libben bringt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.