De skiednis dy’t byt

maart 14, 2018 22:22

Kollum fan Sybren Singelsma

‘Skiednis is krekt in echoput: watst deryn goaist komt der wer út’, wie de stelling dêr’t prof. E.H. Kossmann nije studinten mei ferwolkomme. Skiedskriuwing, net te betiizjen mei de skiednis sels, seit minstens safolle oer hjoed-de-dei as oer it ferline, wie it punt dat er fan de earste dei ôf meitsje woe. Skiedskriuwing wurdt entûsjast brûkt om wat hjoed bart as de net te ûntkommen útkomst fan it ferline – en leafst in romroft ferline – te presintearjen, om sa de tsjintwurdige situaasje fan in gouden rântsje te foarsjen.

Sa moast bygelyks it nije Keninkryk fan de Nederlannen yn it begjin fan de njoggentjinde iuw de skiednis taktysk op ’e nij beskriuwe. It romrofte ferline fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie moai, mar de rol fan Willem fan Oranje moaier. Der moast beklamme wurde dat de republyk in yneffisjinte steatsfoarm wie en it keninkryk it natuerlike einpunt fan de ûntwikkeling. It partikularisme fan de boargerij waard ôfskildere as yneffisjint en yngeand tsjin it nasjonale belang, dêr’t de heldhaftige Oranjes, dy’t krêftich it nasjonale idee tsjinnen, foaroer stiene. De wittenskip foldie dy taak entûsjast. Mei help fan de skilderijen fan Rembrandt en Vermeer, in stik of wat oarloggen en monuminten waard de ‘gouden iuw’ byinoar fabulearre.

En no is it noch hieltyd net oars. Sa bliek nei de Twadde Wrâldoarloch dat Nederlân in lân fan fersetshelden wie en waarden der yn Yndonezië allinne mar wat ‘polisjonele’ aksjes útfierd. Dat it KNIL dêr oarlochsmisdieden yn deselde styl as de Dútske besetter begien hie, koe hiel lang net erkend wurde, want dat paste net yn ús ‘goede’ selsbyld.

Skiedskriuwing is der dus yn haadsaak om de groep in identiteit te jaan troch it skeppen fan in mienskiplike skiednis. De útkomst dêrfan is dat de tsjintwurdige tiid per definysje goed is. Oars soe dy feroare wurde moatte, en dat is dreech. Oer it algemien is dat mei de autochtoane befolking út de âlde republyk aardich slagge. Yn Limburch tinke de measte berntsjes no dat harren foarâlden Amsterdamske keaplju wiene.

Plakkaat van Verlatinghe 1581

It komt fansels op ’e kop ferkeard as nije groepen harren der hjoed-de-dei net noflik by fiele. Dan foldocht de skiednis ek net en moat dy feroare wurde om de hjoeddeiske situaasje te feroarjen. It debat oer de Nederlânske skiednis hâldt dus foaral yn dat in multykulturele mienskip op syk is nei in nij ferhaal. De gjalp ‘God, Heitelân en Oranje’ moat ferfongen wurde, mar troch wat? Under de presintaasje fan showman Jort Kelder is op grûn fan in echte ferkiezing it Plakkaat van Verlatinghe foarsteld. De Nederlânske revolúsje wurdt oeral op ’e wrâld as startpunt sjoen fan de ûntwikkeling fan de demokrasy, mei as kearnmominten de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring en de Frânske revolúsje.

Oeral, behalve yn Nederlân sels. Dêr woene sawol reginten as Oranje yn de befochten ûnôfhinklikheid de macht foar harrensels hâlde. Skiedskriuwing moast de minsken net op ideeën fan demokrasy bringen. Alhoewol’t it plakkaat gjin ûnôfhinklikheidsferklearring is, wurdt it sa no wol brocht, omdat it yn potinsje in universalistysk symboal is, net typearjend foar in etnyske of religieuze groep.

Op syk nei in nije identiteit sil de skiedskriuwing him dus oanpasse. Der sil wat socht wurde moatte, mar der binne grif wol mear universele symboalen te finen yn de skiednis fan ús lân dy’t ras en leauwe te boppe geane en dy’t de Nederlânske mienskip nei de ferpyldering in nije identiteit jaan kinne.

Der sille noch in soad swartepitediskusjes foar nedich wêze, mar wat mei Friezen en Limburgers slagge is, sil mei multykultureel Nederlân ek wol barre. Uteinlik sil de dominânsje fan de Rânestêd wol liede ta in skiedskriuwing dy’t ‘bewiist’ dat dêr net oan te ûntkommen wie.

Sybren Singelsma is Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.

 

maart 14, 2018 22:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gysbert maart 15, 13:04

    It liket krekt no de tiid dat de Omrop in telefyzjerige makket út Frysk perspektief sa’t Omrop Gelderlân dien hat foar har regio. Yn dizze rige “Ridders van Gelderland” wurdt dúdlik en ek tige dúdlik sein hoe’t de rânestêdreginten de frijheid fan oare regio’s ferneatige hawwe. As de Afûk dêr no ek ris in begeliedend Frysk skiednisboek by útjout, komt der einlings in tsjinlûd dat in soad minsken berikke kin. De Provinzje sil dit wis stipe wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*