De Brede School op ’e Jouwer slagge foar sertifikaat twatalich wurkjen

maart 8, 2018 08:49

foto: Sjoeke Kampen

Bernedeiferbliuw De Brede School op ’e Jouwer set him fan 2015 ôf yn foar de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Moandei 5 maart is it sertifisearringstrajekt feestlik ôfrûne mei it yn ûntfangst nimmen fan it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’. Muzykpedagogysk meiwurkster Hinke Strien fersoarge in muzykworkshop en foar alle bern en âlden wie der in hapke en wat de drinken.

De Brede School en twatalichheid
De Brede School is in bernedeiferbliuw fan de organisaasje SKIK. Dy biedt ûnder mear berne-opfang en pjutte-opfang oan en wurket op al syn lokaasjes mei in twatalich belied. De Brede School is it twadde bernedeiferbliuw fan de organisaasje dat sertifisearre is foar meartalich wurkjen. De pjuttelokaasjes binne al foar in grut part sertifisearre.

Op De Brede School hat sân pedagogysk meiwurkers. Guon prate Frysk en guon prate Nederlânsk. Der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik net trochinoar hinne te brûken, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter makliker in tredde en in fjirde taal leare.

De fisitaasjekommisje skriuwt yn syn rapport ûnder mear: ‘De liedsters spylje goed yn op it ferlet fan de bern. De ien hat mear begelieding by it spul nedich as de oar en de liedsters ha der each foar. Je kinne goed merke dat de bern harren noflik fiele yn dizze groep. De liedsters binne op de eftergrûn oanwêzich en stimelearje it spul fan de pjutten. Der binne fêste ûnderdielen sa as sjongen, foarlêzen en mei inoar spultsjes dwaan. Je kinne merke dat de pjutten wend binne oan dizze aktiviteiten, dy’t ek wol brûkt wurde as oergongsritueel.’ En: ‘De liedsters kinne goed ynskatte wêr’t elts bern sit yn syn ûntwikkeling. It is moai om te sjen hoe’t de poppen op harren eigen wize kommunisearje. Troch te wizen, lûd te meitsjen, eachkontakt te sykjen, ensfh. De liedsters binne alert op dizze signalen.’

By it sertifisearringstrajekt krige it bernedeiferbliuw begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne goed 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch troch.

maart 8, 2018 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.