Boekewike 2018: 10 oant en mei 18 maart

maart 3, 2018 16:07

Griet op de Beeck – foto: Koen Broos

De Boekewike 2018 fiert de natuer. En it boek fansels. It tema fan de 83ste Boekewike, dy’t fan sneon 10 o/m snein 18 maart 2018 wêze sil, is Natuer. Griet Op de Beeck skriuwt it Boekewikegeskink, Jan Terlouw skriuwt it Boekewike-essay 2018. Biblioteken yn Noard Fryslân slute oan by de Boekewike mei ferskillende aktiviteiten, lykas Fotografeer de Natuur en in boeklêzing troch Jetske Bilker en muzyk fan Hein Jaap Hilarides. 

Fotografeer de Natuur
Dielnimmers oan de workshop Fotografeer de Natuur geane mei in profesjonele fotograaf op ’en paad de natuer yn. It earste part sil bestean út teory en in ynstruksje. Dêrnei geane de dielnimmers nei bûten ta mei de kamera yn de oanslach.

De workshop wurdt jûn op sneon 10 maart yn Biblioteek Dronryp troch fotograaf Klaas Koopmans en yn Biblioteek Dokkum troch fotograaf Marcel van Kammen. Op sneon 17 maart wurdt de workshop jûn yn Biblioteek De Westereen troch Marcel van Kammen en yn Biblioteek Harns troch Klaas Koopmans.

Mear ynformaasje oer de workshops, lokaasje, tiden en prizen, stiet op https://www.ontdekdebieb.nl en is te krijen by de biblioteek.

Boeklêzing Jetske Bilker mei muzyk yn Biblioteek Sint-Anne
Foar it earst yn de skiednis fan mear as njoggentich jier is it boekewikegeskink yn it Frysk oerset. Dat is omdat Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. Skriuwster Jetske Bilker sette Gezien de feiten, it boekewikegeskink 2018 fan Griet Op de Beeck, oer: Sa’t it lan derhinne leit. Om dy oersetting hinne hawwe Hein Jaap Hilarides, Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Baukje Zijlstra in jûnfoljend programma betocht.
Op moandeitejûn 12 maart 19.30 oere komme Bilker en Hilarides dêrmei nei Biblioteek Sint-Anne ta. Der wurdt dân muzyk makke, foarlêzen út it boek en ynteraksje socht mei it publyk.

Mear ynformaasje oer de jûn stiet op https://www.ontdekdebieb.nl en is te krijen by de biblioteek.

 

maart 3, 2018 16:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.