Arrestaasjes nei reboelje by Eastfardersplassen

maart 18, 2018 08:15

By de Oostvaardersplassen yn Flevolân binne sneon trije aktivisten oanholden. Hja wiene oer in stek klommen. De demonstranten wiene poer doe’t meiwurkers fan Steatsboskbehear foar harren eagen in reahart deaskeaten. Dat barde op in plak dêr’t bisten mei hea byfuorre wurde en aktivisten geregeld byinoar komme.

Neffens Steatsboskbehear seagen boskwachters dêr in slim ferswakke reahart lizzen. Hja besleaten it bist dea te sjitten, neffens de ôfspraken dy’t dêroer makke binne. Hja warskôgen de aksjefierders trije kear dat it gjin moai gesicht wêze soe en advisearren harren om fuort te gean, sei in wurdfierder. Guon aktivisten bleaune dochs stean.

Op bylden is te sjen hoe’t in boskwachter in auto parkeart tusken it stek en it hart. Omstanners jouwe kommentaar. Dêrnei klinkt in skot en sakket de kop fan it hart wei efter in beamstam. De aktivisten binne oandien en skelle de boskwachters út. Twa froulju klimme oer it stek. It hart stekt dan syn kop wer op, dêr’t in wûne yn ’e hals of kaak sichtber by wurdt. “Hy libbet noch!”, ropt in aktivist, mar neffens Steatsboskbehear is it in stûpe. Ien fan de boskwachters stjoert de twa froulju werom nei it stek. Fan in ôfstân wurdt der roppen: “Moardners!” en “Hy is net dea, wolle jo him asjebleaft nochris sjitte?”.

Uteinlik klinkt in twadde skot. Neffens Steatsboskbehear wie dat gjin genadeskot. De boskwachters soene de aksjefierders gerêststelle wollen ha dat it bist net ûnnedich litte. De plysje arrestearre de twa froulju en pakte in tredde aktivist op, dy’t syn identiteitsbewiis net sjen litte woe. Op it plysjeburo krigen se in boete, wêrnei’t se fuortstjoerd waarden.

Earder sneontemiddei holden sa’n 200 bisteaktivisten in demonstraasje by de Eastfardersplassen. It wie de bedoeling dat guon har oan in stek boeie soene. Fanwege de kjeld bleau it by in koarte symboalyske aksje. De demonstranten holden ek in minút stilte foar de bisten dy’t “ûnnedich” deagien binne om’t se net byfuorre binne.

maart 18, 2018 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*