Alvestêdehal slút seizoen ôf mei belslydjeien

maart 20, 2018 12:21

Sneintemiddei komme út it hiele lân tweintich belslydkombinaasjes nei Ljouwert ta foar it Iepen NK belslydjeien. Dêr slút de Alvestêdehal it winterseizoen mei ôf. It wurdt organisearre troch de Friese Aanspanning yn ’e mande mei de Ljouwerter iishal. Behalve prizen foar de fluchste kombinaasjes is der ek in ûnderskieding te beheljen foar it moaiste gehiel.

Fan twa oere ôf ride de hynders en de menners yn. Om trije oere begjint de wedstriid. Foar de yntree betelje folwoeksenen € 8,00 en minderjierrigen € 6,00.

maart 20, 2018 12:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.