Ferwachting âlderen: dreech om in gaadlike wenning te finen

maart 13, 2018 08:33

Grutste part âlderein hâldt gemeenten of korporaasjes ferantwurdlik

In protte âldere minsken (44%) hawwe har noch net oriïntearre op it finen fan in oar hûs dêr’t se komfortabel langer selsstannich wenje kinne. Fan de minsken dy’t harren dêr wol al (wat) yn ferdjippen, seit goed fjouwer op de fiif (81,3%) dat der te min gaadlike wenten foar âldere minsken yn harren gemeente foarhannen binne. Dêrtroch ferwachtsje se dat it mei de tiid (tige) dreech wurdt om in gaadlike wenning te finen. Se hâlde de gemeenten (69%) en/of wenningkorporaasjes (55,6%) ferantwurdlik foar de beskikberheid fan dat type wenten. Dat docht bliken út grutskalich ûndersyk* fan de stifting Zilver Wonen ûnder goed 3.800 persoanen yn de âldens fan sechtich oant tachtich jier.

Foto: Stifting Zilver Wonen

Al waarden gemeenten en wenningkorporaasjes fierwei uit faakst neamd, respondinten achtsje ek oare ynstellings of bedriuwen ferantwurdlik. Ien op de fiif âlderen (20,1%) fynt dat de oerheid de beskikberens fan passende wenten fasilitearje of stimulearje moatte soe. Ien op de tsien (11,6%) sjocht it mear as in taak fan de provinsjes en 15% is fan miening dat der in rol weilein is foar private bou-ûndernimmingen en/of projektûntwikkelders.

Hûnderttûzen senioarewenten te min yn 2019
“Der is in grut tekoart oan senioarewenten, op it stuit sa’n 80.000, en dêr komme as it hjoeddeiske belied net wizige wurdt, alle jierren noch sa’n 20.000 wenten by. It tekoart rint dus hieltyd op, wylst wy yn alle gemeenten, foaral yn dy op it plattelân, just in aktyf belied sjen wolle soene”, seit Coen Staal, foarsitter fan de stifting Zilver Wonen. “Der moat dus echt wat barre. Der binne yn Nederlân sa’n trije miljoen 65-plussers. Wy hearre ek fan gemeenten sels dat se in skrinend tekoart oan senioarewenten hawwe. Dêrtroch bliuwe âlderen te lang yn in net oanpaste wenning. Foar de kosten fan it oanpassen fan dy wenten wolle gemeenten of wenningkorporaasjes meastal net opdraaie. Dochs hâldt in treddepart fan de hierders (32,3%) de wenningkorporaasje dêr ferantwurdlik foar en fynt ien op de fiif dat sy ek de kosten dêrfan foar har rekken nimme moatte soene. It grutste part (40,8%) is lykwols fan miening dat de gemeente byspringe moat (bygelyks fia de Wmo).

Stifting Zilver Wonen (ZW)
Njonken ûndersyk om âldere minsken neitinke te litten oer oanpassings oan harren hûs, beheart stifting Zilver Wonen (ZW) ek it digitale platfoarm www.zilverwonen.nl. De stifting is yn april 2015 oprjochte om âlderen bewust te meitsjen fan har (wen)situaasje en fan de needsaak om foarút te sjen.

Partners fan de stifting ZW binne ûnder oare ANBO (ûnder mear ûndersyk en yndividuele advizen oer langer thús wenjen), Rabobank Nederlân (ûnder mear âldereinadviseurs, lokale foarljochtingsmerken), Uneto-VNI (ûnder mear advizen en ynstallaasje op mjitte fan baaikeamer oant lifttrep fia de Comfortinstallateurs), en Evident PR (management fan de stifting en kommunikaasje).

* Undersyk útfierd ûnder 3.888 selsstannich wenjende âlderen tusken de sechtich en tachtich jier.

Besjoch it Excel-dokumint mei de resultaten de provinsje.

maart 13, 2018 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*