Afûk en BUOG iepenje Taletún en Talepaviljoen MeM

maart 27, 2018 09:28

Lit jin ferrasse troch taal yn allerhanne ferskiningsfoarmen.

Talepaviljoen MeM yn de Prinsetún

Op freed 30 maart iepenje de Afûk en BUOG de Taletún en Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages yn de Prinsetún yn Ljouwert. De Taletún en Talepaviljoen MeM binne ûnderdielen fan Lân fan taal, ien fan de haadprogramma’s fan LF2018. “Hjir hawwe wy hiel lang, hiel hurd en mei in hiel soad minsken op ta wurke en no is it dan safier”, seit Mirjam Vellinga, projektkoördinator by de Afûk, grutsk.

Gearwurking
Om de Taletún en Talepaviljoen MeM te realisearjen wurket de Afûk gear mei BUOG en tal fan lokale, nasjonale en Europeeske organisaasjes, ynstellings, bedriuwen en frijwilligers. Sa binne bygelyks goed 150 studinten fan ferskate opliedings fan ROC Friese Poort belutsen by it projekt. Benammen de studinten fan Grond-, Weg- en Waterbouw hawwe dei en nacht yn it spier west mei de bou fan it paviljoen. Oare studinten helpe by de begelieding fan skoalgroepen troch de tún, mear as fjirtich frijwilligers binne yn tou as edukatyf begelieder of as gastfrou/-hear en de aktiviteiten fan ‘Deropút mei heit&mem’ wurde mei ynfolle troch kollega-organisaasjes, wylst tal fan Fryske, Nederlânske en Europeeske kulturele organisaasjes programma’s fersoargje foar de taal fan de wike. “Ik ha lêstendeis ris oan it tellen west”, fertelt Mirjam Vellinga, “ik kaam op in lytse hûndert partijen dêr’t wy mei gearwurkje en dat binne echt in hiel soad minsken!”

Iepeningswykein
Op freed 30 maart wurde de Taletún en Talepaviljoen MeM offisjeel iepene. Op sneontemoarn sil ûnder de rokken fan MeM wei de earste fan in hiele searje radioútstjoerings fan it programma Op&Ut fan Omrop Fryslân komme. De middeis fan 13.00-17.00 oere kinne famyljes mei bern oant en mei 12 jier nei ‘Deropút mei heit&mem’: in programma mei (taal)aktiviteiten, muzyk, poppekast en (taal)workshops. Op snein docht MeM om 12.00 oere de doarren iepen. Drink en yt wat, lit dyn moaiste wurd efter en lit dy ferrasse troch taal yn allerhanne ferskiningsfoarmen. Om 15.00 oere is de start fan de Biltske wike. Under lieding fan Tjerk Bosje is der dan in sjo mei Biltske skriuwers, dichters en ferhalefertellers.

De Taletún en Talepaviljoen MeM binne fan 31 maart oant en mei 28 oktober alle dagen iepen en altyd fergees tagonklik. Sjoch foar de aktuele iepeningstiden, programmearring en oanfoljende ynformaasje op www.lanfantaal.frl, www.afuk.frl of www.heit&mem.nl en de ferskillende sosjale media-kanalen.

maart 27, 2018 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.