Art-Hotel Easterwâlde leveret bydrage oan kultureel jier

maart 17, 2018 08:44

Freed 23 maart 2018 wurdt om 9.00 oere it Art-Hotel Easterwâlde specktakulêr iepene. De ôfrûne moannen is der, mei de keunstners, hurd wrot om keunstsinnige oernachtingen oanbiede te kinnen yn in bysûndere setting: in leechsteande hoeke fan it ferpleechhûs Stellinghaven, part fan ZuidOostZorg. Trije promininte Friezen meie as earste in nacht de keunst ûnderfine, sadat se by de iepening de ûnderfiningen diele kinne. It Art-Hotel Easterwâlde is in unyk projekt fan O18, yn gearwurking mei ZuidOostZorg, dy’t dat mooglik makke yn it ramt fan LF2018.

Keunstkeamers
Yn Art-Hotel Oosterwolde binne no al trije keamers ynrjochte. Trije keunstners binne yn de ôfrûne perioade elk op eigen wize oan it wurk gien. De keamer fan O.C. Hooymeijer hjit ‘De kamer van Aldert-Jan Visser’, mar wurdt troch de oanwêzichheid fan in soad fûgels no al de ‘fûgeltsjeskeamer’ neamd. De keamer fan Sigrid Hamelink, neamd Verschijnen/Verdwijnen, strielet serenens út en yn Age Hartsuiker syn keamer, neamd Nest, wurdt men ûnderdompele yn de kleur ultramaryn. Stichting O18 realisearret, ôfhinklik fan subsydzjes, de kommende perioade noch mear keunstkeamers en hopet úteinlik tsien keamers yn te rjochtsjen.

Art-Hotel op mear wizen te brûken
Fan begjin april ôf kinne gasten yn de keamers oernachtsje. Dêrneist tsjinnet it Art-Hotel as ien grutte eksposysje. Op tongersdei, freed, sneon en snein, fan 13.00 oant 16.00 oere binne de hotelkeamers en de hieltyd wikseljende ekposysje yn de moetingsrom te besjen. De moetingsrûmte is ek te brûken foar gearkomsten of oare aktiviteiten.

Bydrage Kulturele Haadstêd
Stichting O18 hat yn gearwurking mei ZuidOostZorg yn it ramt fan LF2018 Art-Hotel Easterwâlde opset. De organisaasjes leverje mei it oanbieden fan oernachtingen yn Art-Hotel oan keunst- en kultuerleafhawwers dy’t yn 2018 Fryslân oandogge in bydrage oan kulturele haadstêdjier 2018.

maart 17, 2018 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*