Wiis mei Fryslân, lokkich yn Sweden

febrewaris 17, 2018 20:00

Kollum fan Simone Djurrema

Fan ’e moarn seach ik nei bûten en koe ik wer genietsje fan in pakje snie. Wy hawwe de lêste jierren net mear fan dy Pippi-Langkouswinters dat de snie oan ’e daksgoate ta leit, mar fan ’t jier hawwe wy dochs gauris wite dagen of wiken hân. Dan ljochtet alles op! De koartere dagen, dy’t hjir lang net sa koart binne as de measten tinke, binne dan folle mear wurdich as de langere, ivich grize dagen yn Nederlân. Foaral as de sinne skynt fansels.

Moandei kaam ik werom fan in wykein yn Houten. Wy stiene mei fjouwer persoanen op de emigraasjebeurs om te sjen oft we minsken dy’t fan doel binne om nei Sweden te emigrearjen, sa fier krije koene om dan nei Mellerud te kommen. Sa binne wysels hjir ek belâne, mar de froulju dy’t doe it projekt diene, binne der ûnderwilens mei opholden. Twa jier lyn haw ik oernommen.

Ik kin it net better nei it sin hawwe as wannear’t ik in stikmannich ferskillende talen sprekke mei. Ik koe myn hert wol ophelje! Frysk mei de dochter, dy’t ek mei wie, Sweedsk mei de oare froulju, Nederlânsk mei de ‘Hollanners’ en yn kombinaasjepetearen mei ús Sweden en Nederlanners dy’t noch gjin Sweedsk prate Ingelsk. Fjouwer talen! Ik glom deroer!

Op de emigraasjebeurs
f.l.n.r. Ellen en Simone Djurrema, Eva Nilsson-Olsson en Jenni Hagman

De organisator fan ’e beurs hie frege watfoar minsken wy sykje. Dat wie by eltsenien, neist oare beroppen, minsken yn ’e soarch. Dêrom tocht er ús te helpen troch by allegearre in buordsje op ’e stand te plakken mei Medical personal of sa. Dat hie ta gefolch dat in protte minsken trochrûnen om’t se tochten dat der inkeld mar ferlet fan dokters en sa wie. De twadde deis hawwe wy it buordsje der gau ôfhelle! Nettsjinsteande dat fersin op de earste dei hawwe wy dochs sawat santich formulieren ynfolle krige. Dêr siet fan alles by: fan minsken dy’t har goed taret hiene en húshâldingen dy’t harren oan it oriïntearjen wiene oant minsken fan it slach dat leafst juster al emigrearre wie en mei in tarieding fan sommigen yn it tv-programma ‘Ik vertrek’. Net dus…

Der stiene minsken út de hiele wrâld. Dan krij ik nocht om te reizgjen en alle lannen te besjen. It leafst net mei gewoane reizen, mar ik soe nei de minsken dy’t dêr wenje ta wolle om it gewoane libben mei te meitsjen. Dat hawwe wy doedestiids ek yn Spanje dien. Net yn in hotel oan ien fan de Costa’s, mar yn it fermidden fan de Katalanen yn in lyts doarp. Dan kin men hiel besûndere dingen belibje!

Twa jier lyn troffen ús dochter en ik op de beurs in man en frou fan Curaҫao. Wy prate no elts jier as âlde freonen mei-inoar. Sweden sprekke alle talen op syn Sweedsk út, dat ús kollega hie it oer Kurakau. Doe’t wy tsjin dat pear seine dat wy Friezen binne, die bliken dat hy jierren lyn ferkearing hân hie mei in faam út in lyts Frysk doarp. Ik sil har namme en it doarp net neame, mar it wie tige Frysk! De triennen rûnen ús hast oer de wangen doe’t er sa prachtich beskreau hoe’t dat foar him wie yn de tachtiger of miskien njoggentiger jierren, dat wit ik net krekt mear. Hy sei: “Dan sieten se allegearre op fêste tiden oan ’e kofje en dan woe myn faam mei my te kuierjen troch it doarp. Guon hiene noch nea in swarten sjoen, dat dan giene werklik wier de gerdyntsjes iepen en dan seagen se ús allegearre nei!” En dan die er foar hoe’t er troch it doarp rûn en freonlik nei alle minsken efter de gerdyntsjes swaaide. Wy skuorden ús de bûsen út! Jim kinne wol begripe dat ik Curaҫao no ek op myn listje stean haw.

Nei yn it wykein fernikkele te wêzen mei seis graden boppe nul wylst it fielde as wie it ûnder nul, wiene wy bliid dat wy wer nei it lânklimaat fan Mellerud werom koene. De treinreis fan Utert nei Skiphol makke my suver in bytsje tryst. Alles wie griis, it waar en de gebouwen, en troch it greidlân rûnen safolle diken, kabels en spoarwegen. Dat wie no it plattelân… Wy meie dochs hiel tankber wêze dat wy it no sa goed hawwe yn Sweden, mar noch mear dat wy yn ús Fryslân opwoeksen binne.

Simone Djurrema-van der Wal is yn 2015 mei har man en bern út Garyp wei nei Sweden emigrearre.

 

febrewaris 17, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*