Weryndielingskommisje Noardeast-Fryslân offisjeel úteinset

febrewaris 11, 2018 19:46

Op 1 jannewaris 2019 smite de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. de lapen gear yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Yn tarieding op dy bestjoerlike fúzje is der no in weryndielingskommisjee optúgd.

Earste sit op 21 febrewaris
Yn de weryndielingskommisje hat fan elke riedsfraksje fan de trije gemeenten ien riedslid in sit. De earste gearkomste is op 21 febrewaris 2018 yn it gemeentehûs yn Ferwert.
De weryndielingskommisje hat as taak om útstellen dy’t te meitsjen hawwe mei de nije gemeente Noardeast-Fryslân sintraal te besprekken. It giet dan benammen om nei te gean oft útstellen kompleet binne en genôch taret binne foar beslútfoarming troch de nije gemeenteried yn jannewaris 2019. Dy ûnderwerpen wurde dan net mear behannele yn de aparte gemeentlike riedskommisjes.

De weryndielingskommisje komt foar de simmer twaris yn ‘e moanne byinoar en nei de simmerfakânsje elke moanne, by toerbeurt yn de gemeentehuzen yn Ferwert, Dokkum en Kollum.

Mooglikheid ta ynspraak
Krekt as by reguliere kommisjegearkomsten kinne ynwenners ek ynsprekke op de gearkomsten fan de weryndielingskommisje. Ynsprekkers moatte har dan foarôf oanmelde by de griffy fan de DFK-gemeenten.

De wurklist fan gearkomsten fan de weryndielingskommisje wurdt in wike foarôf oan de gearkomste publisearre op de gemeentesiden fan  de Nieuwe Dockumer Courant en de Kollumer Courant en op de websiden van de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a..

febrewaris 11, 2018 19:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.