Waarpraatsje: stadichoan mylder mar wol kâlde nachten

febrewaris 13, 2018 20:17

Nijlân. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear kâlde dagen mei in soad sinne wurdt it stadichoan mylder. De nachten bliuwe wol oan de kâlde kant.

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei sil it op ’e nij in bytsje frieze. De súdeastewyn is oer it generaal swak oant matich.

Woansdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar yn de middei kin de loft op guon plakken berinne. De súdeastewyn is matich en it wurdt fiif graden. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.

Tongersdei is de loft meastentiids berûn en kin it sa út en troch reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich. It wurdt mei sân graden mylder.

Nei tongersdei bliuwt it myld, mar de nachten binne noch wol oan ’e kâlde kant. It bliuwt, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

 

febrewaris 13, 2018 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*