Waarpraatsje: ekstreem kâld

febrewaris 28, 2018 18:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De lêste dei fan febrewaris wie tige kâld. It frear de hiele dei en it wie yn De Bilt in oertsjûgjende iisdei, de ienige fan de hiele winter. Op in protte plakken lei de gefoelstemperatuer mear as fyftjin graden ûnder nul. Moarn begjint de meteorologyske maitiid, mar it wurdt op ’e nij in ekstreem kâlde dei.

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is it frij helder en sil it oer it generaal matich frieze mei temperatueren tusken de -6 en -9 graden. Troch de frij krêftige en oan de kust krêftige eastewyn leit de gefoelstemperatuer tusen de -15 en -19 graden.

Tongersdei is de loft sa út en troch berûn, mar de sinne sil grif ek te sjen wêze. De temperatuer leit oerdei om de -4 graden hinne, mar it sil troch de frij krêftige oant krêftige eastewyn foar it gefoel folle kâlder oanfiele. Oan de kust kin de wyn noch wat mear oanhelje. It bliuwt drûch.

Fan freed ôf wurdt it mylder en is it dien mei it winterwaar.

Warskôgings: Jûn, fannacht en moarn oerdei is it foar it gefoel folle kâlder as de termometer oanjout. Hâld der goed rekken mei. It natueriis is op hast alle plakken folslein ûnbetrouber.

Jan Brinksma

 

febrewaris 28, 2018 18:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.