Waarpraatsje: earst in bytsje wintersk, letter mylder

febrewaris 11, 2018 19:36

Argyffoto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâld wykein bliuwt it noch in pear dagen wintersk. Letter yn ’e wike wurdt it mylder.

Sneintejûn en yn ’e nacht fan snein op moandei kinne der buien mei winterske delslach falle. De wyn komt út it westen en is matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Moandei falle der ek wat winterske buien, mar de sinne is sa út en troch ek te sjen. De súdwestewyn is matich. It wurdt fjouwer graden.

Yn de nacht fan moandei op tiisdei sil it in bytsje frieze en tiisdei bliuwt it sa goed as drûch. Neist in berûne loft is der ek sinne. De matige wyn komt út it suden. It wurdt op ’e nij fjouwer graden.

Woansdei is it noch kâld; fan tongersdei ôf wurdt it mylder. It bliuwt ritich.

Warskôging: sneintejûn, yn de nacht fan snein op moandei en yn de iere moarntiid kin it op guon plakken glêd wurde troch wat winterske delslach.

Jan Brinksma

 

febrewaris 11, 2018 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.