Utstalling Giorgio Morandi yn Museum Belvédère

febrewaris 18, 2018 10:18 Fernijd

‘Giorgio Morandi en Bologna’ fan 24 febrewaris o/m 10 juny 2018 yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.

Auteur Jan Brokken iepenet op freed 23 febrewaris om 17.00 oere de útstalling Giorgio Morandi en Bologna yn Museum Belvédère. Brokken syn ferhaal ‘De stad van Morandi’ is opnaam yn de katalogus. De tekst waard earder publisearre en is foar de gelegenheid bewurke en útwreide. Jan Brokken ûndersocht de relaasje tusken de stêd Bologna yn Italië en de stillibbenskilder Giorgio Morandi (1890-1964). Inselde opset hat de útstalling Giorgio Morandi en Bologna.

‘Natura morta’ fan Giorgio Morandi (1957), oaljeferve op doek (foto: Museum Belvédère)

De Italiaanske keunstner Giorgio Morandi (1890-1964) is de grutmaster fan de tweintichste-ieuske stillibbenkeunst. Mei syn subtyl skildere fazen, potsjes en flessen groeide er – nettsjinsteande dy skynber ienfâldige tematyk – út ta in ikoan. De tiidleazens en ferstilling yn Morandi’s skilderijen, sprekke ek in protte kollega-keunsters oan. Net om ’e nocht wurdt er in painter’s painter neamd, in foarbyld foar oare skilders.

Morandi libbe in weromlutsen bestean yn syn berteplak Bologna. Hy libbe dêr mei syn trije net-troude susters en ferliet de stêd selden. It leafst wie er yn de beslettenheid fan syn sobere atelier te finen. Dy studio wie in keamer mei mar ien rút dat útseach op in binnenplak. Dêr sliepte er, hie er in tekentafel, in boekekastke, syn ezel en oan ’e muorren planken fol aldendeiske objekten. Dêr fûn er ek syn ‘modellen’; de krúkjes en potten dy’t ferivige waarden yn hieltyd wikseljende gearstallingen.

Syn atelier like net op dat fan oare keunstners. It wie in ynstallaasje avant la lettre, in plak dêr’t stillibbens hieltyd yn beweging wiene. Morandi koe dagen dwaande wêze mei it ferpleatsen fan de foarwerpen dy’t er skilderje woe. Dêrby ûndersocht er it ljocht, de komposysje, de ûnderlinge gearhing en de relaasje ta de romte. Einleas skikke en werskikke, as in meditatyf dwaande wêzen. Syn yntime oeuvre is dan ek gear te fetsjen as in syktocht nei de essinsje, fongen yn in dôvjend kleurepalet. De keunstner ûntjoech him ûnôfhinklik en is yn gjin inkeld ‘isme’ te fangen.

Hy makke werhelling en fariaasje ta in stilistysk skaaimerk fan syn oeuvre. Hieltyd itselde dwaan, mar dan oars. Hy bestudearre sawol foarm as betsjutting en learde net inkeld himsels, mar ek de leafhawwer fan syn skilderijen om ‘oars’ te sjen. Sels sei de keunstner dêroer: “De taak fan de skilder is it weinimmen fan de barriêres, de konvinsjonele bylden dy’t tusken him en de dingen yn stean.”

Yn de útstalling Giorgio Morandi en Bologna wurde in protte fan syn stillibbens toand, mar der is ek omtinken foar de pleatslike arsjitektuer. Formele aspekten út de boukeunst fan Bologna binne nammentlik werom te finen yn it wurk fan de skilder. Dat soarget foar in ferrassende en fernijend yn ’e kunde kommen mei syn wurk.

Mei tank oan
De útstalling komt ta stân yn gearwurking mei Museo Morandi yn Bologna. Giorgio Morandi en Bologna wurdt mei mooglik makke troch de Turing Foundation, Fonds 21, LF 2018, Provinsje Fryslân en de Gemeente It Hearrenfean.

Katalogus
By de eksposysje ferskynt in ryk yllustrearre katalogus mei teksten fan Jan Brokken, Ada Duker, Alessia Masi en Han Steenbruggen.

Tagongskaarten
By dizze ynternasjonale eksposysje jildt in taslach fan trije euro. Tink derom: fanwege de ferwachte drokte is it museum mei dizze útstalling in oere earder iepen (dus fan 10.00-17.00 oere).

Jo kinne no alfêst jo kaarten online bestelle op www.museumbelvedere.nl.

febrewaris 18, 2018 10:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*