Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (4)

febrewaris 24, 2018 11:35

It Wurd fan in Doper

troch Eric Hoekstra

Evangeliarium [Lebuïnuscodex], anonym

Yn it begjin is it Wurd en it Wurd is by God en it Wurd is God. Dit hjir wie yn it begjin by God yn syn Uneinichheid.

Alles komt troch Him ta bestean en bûten Him ûntstiet neat. Wat ûntstien is, hat libben yn Him en it libben is it ljocht fan ’e minsken. En it ljocht skynt yn ’e tsjusterens en de tsjusterens kin it ljocht net oan.

It wiere ljocht is der, it ljocht dat alle lju beljochtet en dat nei de wrâld kommen is. It kaam op ’e wrâld, in wrâld dy’t troch ljocht ta bestean kommen is, mar de wrâld wol it ljocht net erkenne.

It ljocht is yn syn eigen hûs kommen, mar de minsken hawwe it net allegear opnommen. Dy’t it opnimme, krije it fermogen om bern te wêzen fan God. Ut God binne se werberne, en ierdske begearten triuwe har net langer del. Ik doop mei wetter, mar Hy doopt mei ljocht.

Ja, it wurd is fleis wurden. Hy is by ús kommen te wenjen en wy ha syn gloarje sjoen, de gloarje fan it Bern fan God, fol fan wierheid en genede. Hy hat ús leard om it hert fan syn Heit te kennen en it lijen fan ús meiminsken ûnder eagen te sjen.

Sjoch dan, dêr, dêr is it Laam fan God. Hy nimt de lêst fan dyn lijen wei. Yn Him losse sear en sûnde har op en de skuld dy’t wy oan oaren hawwe en de skuld fan oaren oan ússels. Hy is wetter, Hy is ljocht, Hy is brea, Hy is de libbensazem.

Sjoch dan, it is Gods Soan. Doch dyn eagen iepen en sjoch nei binnen ta en moetsje Him yn in keninkryk dat yn dy is.

Giet der yn ’e Uneinichheid
wat goeds beskûl dat om my jout,
in Wêzen sêft fan aard en myld
dat hopet dat ik it Goede kies?

Fielt It him oansprutsen troch my
no’t ik om al myn fouten rou,
no’t ik in byldnis foarmje fan
in Wêzen dat op my fertrout?

Fielsto dy oansprutsen troch my
no’tsto om it ferline roust
no’tsto in byldnis foarmest fan
in Wêzen dat op dy fertrout?

Giet der yn ’e Uneinichheid
in Wêzen skûl dat om ús jout
en hâldt dat Wêzen wier fan my
al doch ik altyd dingen fout?

De foargeande ôfleveringen binne op 3, 10 en 17 febrewaris publisearre.
febrewaris 24, 2018 11:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. * febrewaris 25, 17:25

    Skoander!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.