Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (2)

febrewaris 10, 2018 07:00

Understeand ferhaal is oernommen út it manuskript fan it boek Roman fan in hielmaster fan Eric Hoekstra, dat yn ’e rin fan de maitiid útkomme sil. It boek is feitlik in modernisearring fan de fjouwer evangeeljes, mar dan as ien trochrinnend ferhaal (in saneamd diatessaron, ‘ien út fjouwer’). De bedoeling is dat yn de kommende tiid alle sneonen in fragmint op It Nijs te lêzen wêze sil. De earste ôflevering fan dizze rige is op 3 febrewaris publisearre.

It Bern dat it Goede is

Jacopo Pontormo – Maria-Visitatie (ôfbylding: wikipedia.org)

Dit is in ferhaal oer it Wêzen yn de Uneinichheid. It Wêzen is de Skepper fan ’e Uneinichheid. Hy bejout him yn syn einige skepping, syn universum. Hy set dat út nei de ierde ta dy’t er makke hat. Hy sil ús sjen litte wat de minske is en wat de minske wêze kinne soe. Hy sil mei ús fiere en Hy sil mei ús lije. Hy sil ús leare hoe’t wy libje moatte. God wurdt minske. De Heit wurdt Soan.

Hy kiest in frou as mem. Har namme is Maria, en sy rekket yn ferwachting. De namme fan it Bern op ierde is Jezus. Syn muoike is Elizabeth. Sy is yn dyselde snuorje yn ferwachting fan in jonkje. Dy sil Johannes de Doper hjitte. Maria giet by har nicht op besite. As de nichten inoar sjogge, sjongt Elizabeth dit gedicht:

Ave Maria, mem fan God
fol fan genede, de Hear is mei dy.
Seinige bisto ûnder de froulju
en seinige is de frucht fan dyn bûk.
Do setst ús rêder op ’e wrâld.
hillige faam, Maria, bid foar ús minsken,
no en yn ’e oere fan ús dea. Amen.

En Maria sjongt dit gedicht as antwurd:

Ik meitsje grut de Heare,
syn Bern waakst yn myn bûk.
Altyd wie ik de minste,
no krij ik dizze ear.
Syn macht is net te kearen,
ûneinich is syn hert.
Hy stipet wa’t Him leaf hat,
wa’t Him yn eare hâldt.
Myn skat is yn ’e himel
en de himel is yn my.

Maria en Elizabeth bliuwe byinoar oant Johannes de Doper op ’e wrâld kommen is. Dêrnei geane Maria en har man Jozef werom nei har wenplak Nazaret ta.

Eric Hoekstra is taalkundige.
febrewaris 10, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*