Tydlike opfolging direkteur Omrop Fryslân

febrewaris 22, 2018 22:39

De fakatuere fan direkteur fan Omrop Fryslân wurdt foarearst tydlik ynfolle. Direkteur Jan Koster hâldt mei yngong fan 1 maaie 2018 op. De Ried fan Kommissarissen (RfK) fan de Omrop is ferantwurdlik foar it oanlûken fan in nije direkteur.

De RfK nimt de tiid foar in soarchfâldige proseduere oangeande de oanstelling fan in nije direkteur. Om’t de perioade oant 1 maaie relatyf koart is, hat de RfK besletten de funksje foarearst tydlik yn te foljen. It trajekt foar de tydlike oanstelling is ûnderwilens begûn.

febrewaris 22, 2018 22:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*