Trije deaden by helikopterûngelok by Grand Canyon

febrewaris 11, 2018 13:10

Satellytfoto fan de Grand Canyon (foto: Wikipedia/NASA)

By in helikopterûngelok yn de omkrite fan de Grand Canyon binne trije minsken om it libben kaam. Fjouwer oaren rekken ferwûne. Yn de helikopter sieten in piloat en seis toeristen. Hja makken in flecht boppe it natuergebiet yn de Amerikaanske stêd Arizona, doe’t de helikopter delstoarte. De oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.

Troch hurde wynpûsters duorre it in skoft foar’t de ferwûne minsken mei traumahelikopters nei it sikehûs flein wurde koene. Oer de nasjonaliteiten fan de slachtoffers is noch neat bekend.

febrewaris 11, 2018 13:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*