‘Three Billboards’ grutte winner fan de Bafta’s

febrewaris 19, 2018 11:17

De Britsk-Amerikaanske film Three Billboards Outside Ebbing, Missouri is de grutte winner wurden fan de Bafta’s, de wichtichste Britske filmprizen. De film fan senarist en regisseur Martin McDonagh wie ferline moanne ek al de grutte winner fan de Golden Globe Awards.

Foto: Wikipedia/baftas/Chloe – lisinsje CC-BY-2.0

De film giet oer in allinnichsteande mem dy’t nei de moard op har dochter konfrontearjende teksten op oanplakbuorden set. McDonagh neamde it passend dat yn it #MeToo-tiidrek in ferhaal oer lilke froulju, dy’t beslute yn aksje te kommen, wûn hat. In protte froulju wiene hielendal yn it swart nei de útrikking yn Londen kaam, út protest tsjin min seksueel hâlden en dragen.

De yn njoggen kategoryen nominearre Three Billboards Outside Ebbing, Missouri wûn der fiif. Behalve de priis foar bêste film, wûn haadrolspylster Frances McDormand in Bafta. Hja krige earder ek al in Golden Globe, krekt as Sam Rockwell, dy’t no wer de priis foar bêste manlike byrol mei nei hûs ta nimme mocht.

Nederlanners en Oscars
De Bafta foar bêste manlike haadrol gie nei de Britske akteur Gary Oldman foar syn rol as Winston Churchill yn Darkest Hour. Guillerno del Toro dy’t The Shape of Water regisearre, mocht de Bafta foar bêste regisseur meinimme. Del Toro’s film wie alve kear nominearre en wûn trije kategoryen.

Alle trije de Nederlânske nominearren, Paul Verhoeven waans film Elle nominearre wie yn de kategory bêste bûtenlânske film, kameraman Hoyte van Hoytema foar syn kamerawurk yn it oarlochsdrama Dunkirk en fisazjist Arjen Tuiten foar syn wurk yn de film Wonder, grypten neist de prizen.

febrewaris 19, 2018 11:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.