Tema-rûnlieding froulju yn de oarloch

febrewaris 28, 2018 18:39

2018 is útroppen ta Jier fan ferset. Yn dit jier wurdt yn hiel it lân ekstra omtinken jûn oan it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn dat ramt organisearret it Frysk Fersetsmuseum elke moanne in ynstaprûnlieding oer in spesifyk tema fan it ferset yn WO2. Tongersdei 8 maart wurdt by de rûnlieding mear ferteld oer froulju yn de oarloch. De rûnlieding begjint om 13.30 oere yn de museumhal en is fergees te folgjen op fertoan fan in yntreebewiis.

Yn de rûnlieding steane de persoanlike ferhalen fan froulju sintraal. Froulju dy’t mei gefaar foar eigen libben koerier wiene foar it ferset, Joadske ûnderdûkers yn ’e hûs namen en delstoarte alliearde piloaten holpen. In betûft museumdosint nimt de besiker mei troch it museum om oan ’e hân fan persoanlike dingen en tsjûgeferslaggen it ferhaal fan de froulju te fertellen.

Jier fan ferset
It Platform Herinnering Tweede Wereldoorlog (Platform WO2) hat 2018 útroppen ta temajier ‘Jier fan Ferset’. Dat platform is in netwurkorganisaasje dêr’t ferskillende organisaasjes, wêrûnder it Fersetsmuseum, it neitinken oan de Twadde Wrâldoarloch libben yn hâlde foar takomstige generaasjes. Yn it museum moetsje besikers de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945. Friezen en net-Friezen fertelle hoe’t se de oarloch op it plattelân yn Fryslân meimakken. Mei spesjaal omtinken foar de spektakulêre Oerfal fan it Fryske ferset op de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

 

febrewaris 28, 2018 18:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.