Tekenje foar it Frysk

febrewaris 20, 2018 06:00

Woansdei 21 febrewaris is it Unesco memmetaaldei. Wolle lytse talen oerlibje, dan sil der mear barre moatte as in berop te dwaan op minskerjochten of wetten. De Friezen moatte sels yn aksje komme. Foar it ûnderwiis, mar dat net allinne.

Pier Bergsma

“Een taal die niet onderwezen wordt, is een taal die sterft”, neffens Hilda Schram yn it artikel ‘Onderwijs in Fries is mensenrecht’ yn de LC fan 8 febrewaris 2018. Se skriuwt it stik net yn it Frysk, “zodat ook iedereen die geen Fries kan of wil lezen daarvan kennis kan nemen.” Sa kom ik fuort by myn fraach by har redenaasje. Hoe is it mooglik dat nei krap fjirtich jier Frysk as ferplichte fak op de basisskoalle der noch altyd minsken binne dy’t it Frysk net lêze kinne? Neffens de my tige sympatike aksjegroep Sis Tsiis komt dat fanwegen it grutte tal ûntheffingen dat troch de Provinsje oan skoallen jûn is. Mei oare wurden, der is wol in ferplichting, mar der komt yn de praktyk net in soad fan terjochte. Dat sil grif wier wêze, mar der is mear te rêden.

Begjin febrewaris wie ik op in taalkongres yn Dublin. Ien fan de sprekkers wie Pádraig Ó Duibhir en hy spruts oer Minority Language (Re)vitalization. The Role of education. It gie benammen oer de posysje fan it Irish, in taal dy’t noch troch in lytse 80.000 minsken praat wurdt. Men wol yn 2030 ta 250.00 deistige sprekkers komme. Neffens Duibhir moat it ûnderwiis by dat stribjen in wichtich plak ynnimme. Dat sil ik net ûntstride, mar der is wol in probleem. Ik haw yn Dublin gjin inkeld Irish wurd sjoen of heard, útsein yn de bus. Dêryn wurdt eltse strjitnamme twatalich op it skerm toand en omroppen. Yn de trije ferdjippingen grutte boekhannel Eason oan de O’Connelstreet yn it sintrum fan ‘e stêd koe ik earst nei te freegjen ien lyts plankje mei boeken yn de Ierske taal fine. Soks sjit net op. En dat wylst al yn 1922 fêstlein waard dat it Irish de nasjonale taal fan de steat is. Boppedat is Irish in ferplichte fak op skoalle. Der binne sels skoallen dy’t it Irish as fiertaal brûke.

“In theorie wordt gelijkwaardigheid van culturen erkend”, skriuwt Schram en yn Obe, it Lân fan Taal-gebou yn Ljouwert, stiet “here all languages are equal.” Bûtendoar steane de saken der oars foar. Dêr giet it om de konstatearring yn itselde gebou, dat fan de 6750 hjoeddeiske talen de helte ferdwine sil. Talen binne net lykweardich en sille dat net wurde. Komst mei Ingelsk yn de wrâld aardich fierder as mei it Nederlânsk. As dat Nederlânsk sa lykweardich oan it Ingelsk wêze soe, kin ik net begripe wêrom’t wat langer wat mear universiteiten en hegeskoallen Ingelsktalige programma’s oanbiede. Op it stasjon yn Hurdegaryp hinget in reklame fan de Hanze Hogeschool mei: “Share your talent, move the world”. Dat sil grif yn de rjochting fan de Ingelske taal wêze.

 Talen oerlibje allinne troch gebrûkswearde, troch sichtberens yn it deistich libben, mar benammen troch it wol of net hawwen fan ekonomysk nut.

It spyt my foar Padraig Ó Duibhir en foar Sis Tsiis, mar ûnderwiis allinne kin it Frysk net rêde en it Iersk al hielendal net. Talen oerlibje troch gebrûkswearde, troch sichtberens yn it deistich libben, mar benammen troch it wol of net hawwen fan ekonomysk nut. Fansels, minsken litte har liede troch prinsipen en gefoelens, ‘it Frysk is sa’n moaie taal, dy moat net ferlern gean’, mar as it derop oankomt litte se har liede troch belangen, en hokker belang soene je hawwe by in taal dy’t je allinnich brûke foar hûs en hiem, mar fierder nearne nedich hawwe of sjogge? Sa driget it Frysk ta dy takomstige 50 % te ferfallen.

Der binne wol geunstige ûntjouwingen. It Frysk is ferankere yn de wet. Jo kinne it brûke yn it offisjele ferkear, by it rjocht, by de gemeenten. De provinsje jout in soad út oan it ûnderwiis, wy hawwe ynstituten as de Afûk en it Sintrum Meartaligens yn Drachten. Wat dat oanbelanget hat it noch nea sa goed west. De trijetalige skoalle is yn dat gehiel in boppeslach. Ingelsk as lingua franca en ferbining mei de wrâld fansels, Nederlânsk as nasjonale taal en it Frysk derop ta. Mar it sil op de lange doer net genôch blike te wêzen yn it talige geweld fan de hjoeddeiske wrâld.

Just derom is it sa’n goed inisjatyf fan de FUEN, de grutte Europeeske minderhede-organisaasje, om mei syn Minority SafePack te kommen. Mei dy aksje wurdt omtinken frege foar it ferskaat oan talen yn Europa en de wearde dêrfan. Brede ynset sawol op Europeesk as op nasjonaal nivo kin tefoaren komme dat lytsere talen ferdwine.

 Tekenje dizze wike foar it Minority Safepack om sjen te litten dat it Frysk jo wat wurdich is.

Wol it Frysk de twaentweintichste iuw helje, dan moat der noch mear barre. Dan komt men der net mei op in húskedoar yn swimbad De Wetterstins yn Burgum “Froulju” of “Manlju” te setten, mar fierder alles yn de oare lânstaal te dwaan, om mar in foarbyld te neamen. Neist omrop Fryslân hawwe wy ferlet fan in folslein Frysk wyk- of moanneblêd foar in breed publyk. Minstens sa wichtich is dat it Frysk in folweardich plak kriget, om te begjinnen by de gemeenten, en by de plysje en yn de soarch, om mar in pear ynstânsjes te neamen dêr’t de Provinsje ynfloed op hat. En fansels yn it ûnderwiis. Woansdei 21 febrewaris is it memmetaaldei. Heiten, memmen, paken en beppen en eltsenien soe op dy dei om te begjinnen de muoite nimme moatte om op al dy skoallen yn ús provinsje omtinken te freegjen foar it Frysk. It kin no noch.

Yn ferkoarte en wizige foarm waard it artikel op moandei 19 febrewaris opnommen op de opinyside fan de Leeuwarder Courant.

febrewaris 20, 2018 06:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe febrewaris 20, 13:58

    ‘Der moat ferlet fan it Frysk komme’, Friesch Dagblad, 29 maaie 2015. De fraach is: watfoar inisjativen binne der troch de Beweging of yn de Steaten de ôfrûne jierren naam om foar mear ferlet te soarjen?

  2. Jehannes Elzinga febrewaris 21, 16:53

    Abe; withoefaak hawwe we fan de Ried út de provinsje (bygelyks Sietske Poepjes) oantrúnd mear te dwaan oan it Frysk as funksje-eask foar amtners en yn it ûnderwiis. De provinsje is it der helendal mei iens, mar docht der yn’e praktyk in bytsje oan.
    Alle amtners by de provinsje soene it Frysk sawol aktyf as passyf behearskje moatte!

  3. Merit febrewaris 21, 18:39

    Neffens mij kist net tekenje foar Frysk, alline foar Nederlands. Kloppet dat of sjoch ik wat oer de holle?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.