Swarte doaze fleanramp Ruslân fûn

febrewaris 12, 2018 11:51

Foto: Wikipedia

Under barre omstannichheden siket in rêdingstiim út Ruslân nei oanwizings oer de oarsaak fan in fleantúchûngelok snein. Ien fan de swarte doazen is weromfûn tusken de wrakstikken. De Antonov An-148 stoarte sa’n tachtich kilometer besúdeasten fan Moskou del. Gjin inkelde passazjier en bemanningslid hat de ramp oerlibbe. Trije fan de 71 deadlike slachtoffers wiene minderjierrich: de jongste wie fiif jier âld, de oaren santjin en trettjin jier.

Eachtsjûgen sizze tsjin Russyske media dat it fleantúch yn ’e brân stie by it delstoarten. Hûnderten rêdingswurkers hawwe nachts trochsocht. Parten fan it rampgebiet binne min berikber fanwege in tsjokke laach snie. De BBC berjochtet dat guon rêdingswurkers harren reau ferlitte moasten. Te foet binne se op ’e syk nei lichems en wrakstikken. In tal passazjiers is burgen. Identifikaasje fan de slachtoffers sil lestich wurde, want in protte passazjiers binne skeind.

It tastel wie opstiigd fan de ynternasjonale lofthaven Domodedovo en wie op wei nei Orsk. Flak nei it opstigen ferdwûn it fleantúch fan Saratov Airlines fan de radar. De passazjiersflecht stjoerde gjin needoprop út foar it delstoarten. De Russyske minister fan Transport hat in ûndersyk ynsteld. De Russyske autoriteiten hâlde as mooglike oarsaak rekken mei waarsomstannichheden, minsklike flaters en technyske mankeminten.

It Russyske parseburo Interfax berjochtet dat it tastel net de needsaaklike behanneling mei antyfries hân hie, wêrtroch’t it troch de ôfset fan snie en iis te swier wurden wêze kin. De gesachfierder soe dêr neffens sizzen om noch ûnbekende redenen fan ôfsjoen hawwe.

De maatskippij stiet net sa goed bekend. Yn it resinte ferline hawwe der wat feilichheidsynsidinten west. Yn 2015 mocht de maatskippij net nei it bûtenlân fleane, omdat der persoanen sûnder foech yn ’e cockpit wiene. En der is ris in fleantúch oan ’e grûn holden om’t oalje en filters yn in motor net ferfongen wiene.

febrewaris 12, 2018 11:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.