Stúdzjefûns foar Fryske studinten RUG/Kampus Fryslân

febrewaris 14, 2018 07:02

Om mear Fryske studinten foar de brede Bachelor Global Responsibility & Leadership by it University College fan RUG/Campus Fryslân oan te lûken, ropt de provinsje Fryslân in stúdzjefûns yn it libben. Fryske studinten dy’t harren oanmelde foar dy universitêre bachelor kinne trije jier lang finansjeel holpen wurde. Goed idee, sa oardiele it Jongereinpanel Duorsum Fryslân nei oanlieding fan de breed stipe moasje fan CDA, VVD en FNP yn de Provinsjale Steaten fan desimber 2015.

Deputearre Sander de Rouwe: “Mei it stúdzjefûns wolle wy mear Fryske studinten nei it universitêr ûnderwiis lûke. De trochstream leit hjir noch altyd in fjirdepart ûnder it lanlik gemiddelde. De alfde fakulteit is in moaie kâns foar Fryske skoalbern om universitêr ûnderwiis te folgjen yn de eigen provinsje, op termyn yn it beursgebou yn Ljouwert. Wy hoopje Fryske ynstreamers in ekstra setsje te jaan mei in finansjele bydrage yn it kolleezjejild foar de brede bachelor.”

Drompel omleech
It kolleezjejild fan de University College bedraacht foar Nederlânske studinten € 4.085. Dat taryf leit heger troch it lytsskalige en persoanlike ûnderwiis dat it University College biedt. Dekaan Jouke de Vries fan RUG/Campus Fryslân: “It is fantastysk dat de Provinsje studinten stimulearret om in universitêre stúdzje te folgjen. Troch dit stúdzjefûns yn te stellen wurdt de drompel foar meidwaan fierder ferlege.”

It Jongereinpanel Duorsum Fryslân hat in ûndersyk dien ûnder studinten yn Ljouwert. Soe in stúdzjefûns harren oer de streek lûke om harren oan te melden by it yntinsive en lytsskalige universiteitsprogramma fan de RUG Campus Fryslân wêrfan it kolleezjejild dochs heger is? It antwurd wie dat it helpt, mar dat de studinten yn de basis fine dat in goede stúdzje bêst wat mear jild kostje mei.

Oanfreegje fan 1 maaie ôf
It stúdzjefûns is in subsydzje is foar studinten dy’t yn Fryslân harren diploma fan it fuortset ûnderwiis helle hawwe en ynv de tiid dat se dat ûnderwiis folgen op syn minst twa jier yn Fryslân wennen. Sy kinne yn ’e mjitte kommen wurde mei € 750,- foar it earste jier (fanwegen de ferwachte Rykskoarting op it earste jier kolleezjejild) en € 1500,- foar it twadde en tredde jier. Foar de earste lichting studinten is in totaalbedrach fan € 100.000,- beskikber. Oanfragen kinne fan 1 maaie ôf 2018 by de Provinsje yntsjinne wurde.

Mear ynformaasje is te finen op https://www.rug.nl/cf/

febrewaris 14, 2018 07:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*