Spaanske fise-premier wol Puigdemont wol “slite”

febrewaris 12, 2018 21:47

“Jim binne jim bedriuwen, oerheidsorganen en wolfeart al kwyt. Is it dan echt sa slim om ek noch ien of oare Katalaan te sliten?” Dat frege de Spaanske fise-premier Soraya Sáenz de Santamaría ferline wike oan it Spaanske parlemint. De Katalaan dêr’t hja it oer hie, wie de Katalaanske presidint Carles Puigdemont.

Ferline wike woansdei sei it Spaanske parlemintslid Joan Tardà tsjin de fise-premier dat it tiid waard dat it Spaanske regear de autonomy fan Kataloanië werombrocht. Nei de ûnôfhinklikheidsferklearring hat it regear yn Madrid alle Katalaanske oerheidsorganisaasjes ûnder direkt bestjoer fan it nasjonale regear brocht. Tardà, sels in Katalaan, sei dat alle Katalanen lije ûnder de opheffing fan ‘e autonomy. It Katalaanske parlemint wol dat Puigdemont as presidint fan Kataloanië weromkomt, mar Madrid wegeret om dat ta te stean. Puigdemont moast mar “sliten wurde”, sa wie it betinken fan frou Sáenz de Santamaría.

 

febrewaris 12, 2018 21:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.