Snein 11 maart 2018 konsert yn De Hofkamer Ljouwert

febrewaris 21, 2018 16:11

Muzikale Premjêre fan Hettinga’s Frjemde Kusten op muzyk fan Le Cointre troch Colori Ensemble

Dichter Tsjêbbe Hettinga hat in wichtige rol spile yn de ferkiezing fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018 en dat moat fierd wurde. Sneintemiddei 11 maart is der dêrom in bysûnder konsert fan it Colori Ensemble dêr’t Hettinga’s gedicht Frjemde Kusten sintraal by stiet. De muzyk fan de Ljouwerter komponist Jochem le Cointre by it gedicht giet by dizze gelegenheid yn premjêre. Dêr giet ek in audio-opname fan Hettinga’s stim mei mank.

Komposysje
Doe’t Le Cointre yn New York studearre rekke er ynspirearre om Frjemde Kusten op muzyk te setten. By in kursus ‘frjemde talen’ oan it konservatoarium dêr, kaam Hettinga’s gedicht de harkers oer it mêd. De klanken fan de Fryske poëzy spruts sa bot oan dat Le Cointre socht nei de muzikale fertolking fan klanken lykas de Fryske “seewyn”, “misthoarnen” en “gjalpen fan seefugels”. Dy spannende komposysje sil spile wurde troch it Colori Ensemble, bekend om syn bysûndere gearstalling fan fluit, hobo, marimba en piano. Le Cointre sil oan de hân fan de klanken en betsjutting fan it gedicht fan Hettinga in taljochting jaan.

De Russyske komponisten Modest Moessorgski en Sergej Rachmaninov skreauwen tydleaze muzyk lykas de ‘Skilderijen fan in útstalling’ en “Symfoanyske dûnsen’. Meastal te hearren yn orkestferzje, hawwe de oarspronklike ferzjes foar ien of twa piano’s ek in plak op it konsertpoadium. It Colori Ensemble makket fan beide wurken in arranzjemint, basearre op sawol de piano- as de orkestferzje. It resultaat is in tuskenfoarm dy’t him faaks it bêste ferlykje lit mei in prachtige swart-wyt foto dy’t op guon plakken ynkleure is, wêrtroch’t guon details noch better út de ferve komme. Neist dy klassikers en de nije komposysje fan Le Cointre spilet it Colori Ensemble, ek wer yn in eigen arranzjemint, parten út ‘Ma Mère l’Oye’, de byldzjende mearkemuzyk fan Maurice Ravel, skreaun foar de bern fan in befreone pear.

Colori Ensemble
Rianne Jongsma (fluit, piccolo, altfluit), Wilma Jongsma (hobo, althobo), Arjan Jongsma (marimba) en Jochem le Cointre (piano) studearren respektyflik oan de konservatoaria fan Amsterdam, De Haach, Grins en New York. Se wûnen yndividueel wichtige prizen op ûnder mear it Prinses Christina Concours en it konkoers fan Stichting Jong Muzyktalint Nederlân. It ensemble hat syn namme te tankjen oan de komposysje Colori, yn 2012 skreaun troch Wim van Ligtenberg. It betsjutte it earste wurk foar dizze unike ynstrumintekombinaasje. Mei dy komposysje wie it ensemble yn 2013 te sjen en te hearen yn it tv-programma Vrije Geluiden fan de VPRO. Fan doe ôf hawwe mear komponisten wurken oan it ensemble opdroegen, wêrûnder Peter Visser en Sipke Hoekstra. Neist it hjoeddeistich repertoire spilet it ensemble arranzjeminten fan wurken fan komponisten as Moessorgski, Tsjaikovski en Ravel. Op inisjatyf fan it Frysk Muzyk Argyf kaam yn 2015 de cd Colori miti út foar it label Aliud Records. In eardere cd waard yn eigen behear produsearre yn gearwurking mei Studio Soundfarm. Opnamen foar in twadde cd foar Aliud Records yn gearwurking mei it Frysk Muzyk Argyf steane plend foar de kommende maitiid. It Colori Ensemble wie te hearen op Radio 4 yn Muziekwijzer en Opium op 4 en fersoarge ûnder mear konserten yn de Nieuwe Kerk yn De Haach en de Kleine Zaal en Spiegelzaal fan it Concertgebouw. www.coloriensemble.com

Nei ôfrin fan de konsert, dat twa kear útfierd wurdt, is der gelegenheid om mei de musisy en de komponist nei te praten. De twa konserten fan snein 11 maart 2018 binne yn De Hofkamer, Gruttsjerkstrjitte 16 yn Ljouwert en begjinne om 13.30 oere en 16.00 oere. De kaarten kostje € 12,50 en binne te reservearjen op info@hofkamer.nl.

 

febrewaris 21, 2018 16:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.