Simulearre Marsmisje op Hawaii stillein

febrewaris 25, 2018 09:44

Mauna Loa-fulkaan op Hawaï (foto: Wikipedia/J.D. Griggs)

Ferline wike begûn op Hawaii de HI-SEAS VI-misje. Fjouwer wittenskippers ferruilen harren wente foar in koepelfoarmich gebou by de Mauna Loa-fulkaan dêr’t se acht moanne sabeare op Mars wêze soene. Mar de misje is nei in pear dagen al stillein. Ien fan de ‘bemanningsleden’ is om ûnbekende redenen nei it sikehûs ôffierd. Yn in koart parseberjocht lit de universiteit fan Hawaii fierder witte dat de ‘astronaut’ in tal oeren ta observaasje yn it sikehûs bliuwe moast.

Protokol
“De feiligens fan de bemanning is topprioriteit en yn line mei feilichheidsprotokollen. Dêrom is de misje útsteld en hat de bemanning de koepel ferlitten”, sa lit de universiteit fan Hawaii witte. De misje sil pas wer fierdergean nei “in ynspeksje fan de koepel” en neier ûndersyk.

De simulaasje
De universiteit fan Hawaii hat – yn nauwe gearwurking mei NASA – al ferskate Marssimulaasjes útfierd. By dy simulaasjes wurdt alles yn it wurk steld om de ‘astronauten’ it idee te jaan dat se op Mars binne. Sa moatte de ûndersikers bygelyks altyd in romtepak oan as se nei bûten ta geane en hawwe se te krijen mei in flinke fertraging yn de kommunikaasje (it duorret likernôch tweintich minuten om in berjocht nei Mars te stjoeren). De simulaasjes moatte mear ynsjoch jaan yn de útdagings dy’t in bemanne Marsmisje meibringt en boppedat oantoane hokker ynfloed sa’n misje sawol fysyk as psychysk op minsken hat.

It is noch net earder foarkaam dat in HI-SEAS-simulaasje stillein wurde moast. It is in flinke ôfdijer, mar jout ek oan dat in misje nei Mars mar oant op in beskate hichte te plennen is en der altyd problemen ûntstean kinne dy’t eins allinnich op ierde of mei help fan minsken op ierde oplost wurde kinne. Sokke problemen kinne op Mars aanst wolris ûnoplosber blike: in tripke nei de ierde duorret al gau sa’n 250 dagen.

Boarne: scientias.nl

febrewaris 25, 2018 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*