Senaat seit ja tsjin donorwet

febrewaris 13, 2018 23:16

De Earste Keamer hat tiisdei ynstimd mei it útstel fan D66-Twadde Keamerlid Pia Dykstra foar in nije donorwet. Neffens dy wet binne alle Nederlanners yn prinsipe orgaandonor. Wolle hja dat net, dan kinne se dat oanjaan. Yn in sintraal register wurdt byhâlden wat minsken wolle. Yn 2020 giet de nije wet yn.

It doel fan ‘e wet wie om it tal orgaandonors te fergrutsjen. Op it stuit is der in tekoart oan sokke donors. Dat makket dat minsken dy’t in orgaan hawwe moatte, lang op ‘e wachtlist steane en net komselden ûnnedich ferstjerre.

Minsken dy’t al oanjûn hawwe oft se wol of net orgaandonor wurde wolle (of foar in part, foar beskate organen), hoege dat net op ‘e nij troch te jaan. Harren kar bliuwt stean.

De kar dy’t minsken makke hawwe, jout úteinlik net de trochslach. As neibesteanden oannimlik meitsje kinne dat de ferstoarne eins gjin donor wêze woe, dan sille dokters gjin organen ferwiderje.

 

febrewaris 13, 2018 23:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*