Rekôrtal musea helpt pake en beppe de fakânsje troch

febrewaris 22, 2018 06:21

Mar leafst 39 Fryske musea en argiven dogge dit jier mei oan ‘Help pake en beppe de fakânsje troch’, in rekôr. De populêre aktiviteitewike yn de krookjefakânsje belibbet dit jier syn santjinde edysje. Fan tiisdei 27 febrewaris oant en mei freed 2 maart 2018 wurde aardige, oantreklike en learsume aktiviteiten organisearre foar jong en âld. Bern oant en mei 12 jier hawwe fergees tagong ‘op fertoan’ fan harren pake en/of beppe of in oare folwoeksene.

Tema dit jier is ‘typysk Frysk’. En dus organisearje dielnimmende musea alderhande aktiviteiten om dat tema hinne. Iepenloftmuseum De Spitkeet yn de Harkema hat bygelyks in Alfstêdespeurtocht makke, de ‘Skatkeamer fan Ljouwert’ yn it HCL lit de besikers ûnderfine wat typysk Liwwadders is, yn de De Sûkerei yn Damwâld kin speurd wurde nei typysk Frysk guod en yn it museum fan It Hearrenfean kinne de bern in eigen Fryske aairwaarmer meitsje.

Selfy mei pake en beppe
Bern fan no groeie op mei selfys, mar in soad paken en beppen witte no ek al wol wat in digitaal selsportret is. En dus kinne bern mei pake of beppe (of in oare folwoeksen begelieder) op de foto by de spesjale selfyposter dy’t yn de musea hinget. Dêrnei kinne se in ‘Ik help pake & beppe de fakfânsje troch-diploma’ mei nei hûs ta nimme. Troch de selfy te dielen op Facebook meitsje se kâns op in Museumkidskaart. Dêr hawwe se in jier fergees tagong ta fjouwerhûndert musea.

Fryske tradysje yn wurding
‘Help pake en beppe de fakânsje troch!’ wurdt sa stadichoan in echte Fryske tradysje. Elk jier lûkt de aktiviteitewike in soad belangstelling fan bern en folwoeksenen. Lisette Zwerver fan Museumfederaasje Fryslân oer de krêft fan it konsept: “De wike slút hiel moai oan by de belangstelling fan sawol bern as folwoeksenen. Der is foar elk wat te belibjen. De aktiviteiten binne tasnien op bern, mar ek foar pake en beppe of heit en mem binne se oantreklik. Dêrneist binne de fêste kolleksjes en aktiviteiten fan de musea fansels ek de muoite wurdich. Dat makket it foar âlden, paken en beppen, bern en bernsbern in perfekt útstapke.”

In oersicht fan alle dielnimmende ynstellingen en aktiviteiten stiet op www.museum.frl/pakebeppe.

febrewaris 22, 2018 06:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*