Raif: moai Grinslânsk konsert fan Marlene Bakker yn Garnwerd

febrewaris 25, 2018 20:38

Marlene Bakker

Soms krij ik de yndruk dat Fryslân en Grinslân kultureel mei de rêch neielkoar ta steane. Dat jildt namste sterker as it giet om de taal fan beide streken. Hoefolle Grinzer sjongers kinne Friezen opneame? Ik bin bang dat it by de measten mei Ede Staal wol ophâldt. Dat is skande, want der wurdt in protte moaie muzyk makke yn it Grinslânsk. In nije stjer oan ‘e Grinzer muzykhimel is Marlene Bakker.

It wie tafal dat de frou en ik hjoed by in konsert fan ‘e sjongeres yn Garnwerd bedarren. Onno Falkena hie my ferline wike oer har ferteld en tafallich seagen wy fan ‘e moarn tafallich dat se hjoed op ‘e planken stean soe. Mei omdat se by myn oarehelte op skoalle sitten hat, seinen wy dat wy mar ris hinne moasten. Dat, wy nei kafee Hammingh ta, dêr’t se yn ‘e skuorre sjonge soe.

Dat wie net in straf. Marlene Bakker sjongt prachtige harkferskes yn in moai Grinslânsk, dat bytiden in mingfoarm is fan har eigen Westerwoldsk en it Hegelânsk dat har learaar Grinslânsk brûkte. Sa lei se dat sels alteast út, want tusken de ferskes troch fertelde de sjongeres optein fan alles, bygelyks dat se har pas yn Tilburch bewust wurden wie fan har Grinslannerwêzen. De lytse yntermezzo’s makken it optreden noch ûnderhâldender.

Net allinne binne de teksten en de taal moai, Marlene Bakker hat ek in bysûnder moaie stim en se kin der ek in soad mei: lytse en grutte spronkjes, heech en leech, it liket har allegear o sa maklik ôf te gean. Se nimt it publyk ek mei. Mei in ienfâldige begelieding fan in gitarist en in toetsenist bringt se sa ferskes fan heech nivo.

Wa’t mear fan har hearre wol: Marlene Bakker hat krekt in spaigelploatje (‘goud geef Grunnings’ foar in cd) út mei de namme Raif (‘ark’). Yn har eigen dialekt soe dat raive wêze, mar de Hegelânske foarm seach der op it hoeske moaier út. Fansels ha wy in eksimplaar kocht. Hjirûnder stiet in fideoklip fan it ferske Waarkhannen fan dy cd.

Henk Wolf

febrewaris 25, 2018 20:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.